Boek: M/F (2006)

cropped-image1.jpeg

Koeienslijk

It wie tsjuster wurden. Better sein: it skimere. Fier fuort wiene noch wite wolken te sjen, mar de nacht foel alwer rap oer de huzen. Dit wie it tiidstip dat Henk Faber gewoanlik syn hûs ferliet.
Net hiel folle hie er mei: in plestik tas. Op ’e tas stie ‘Albert Heijn’. Mar dêr kaam Faber net mear. Foar himsels oer hie er dúdlik steld: de Albert Heijn wie te fier fuort. As er dêr kaam om iterij, moast er altyd sykje. Dat wie gjin service foar in ôfstânsrinner as him. Syn bestellings wiene altyd … eh … bestellings dy’t ien altyd samar hie. Juster hie er dêrom yn in buertwinkel west. Neat te krijen fansels, hy wist net hoe hurd er fuortkomme moast. Guon moatte net ferjitte: Henk Faber wie in man ûnder tiidsdruk.
Hy rûn it koarte paadsje ôf, iepene it hikje, die it wer ticht en sloech rjochtsôf. It wie in belachlike hanneling: hy koe der ek wol oer stappe, sa leech wie it. Mar Henk Faber wie in man mei prinsipes, hoe nuver dat miskien ek klinke mei. Nei rjochts dus. De drokke tardyk gie mei him mei: de ôfslach folge him, by de stoepe del, nei it tankstasjon. De ôfslach begûn fl ak nei it lege hikje. Doe’t Faber ûnder de ferljochte oerkaping kaam, hie er al fyftich meter rûn. En dat yn hurde tsjinwyn dy’t allinnich mar hurder waard.

Je kinne sizze: it siet Henk Faber net mei. By tankstasjons is ommers hast altyd wyn. Ek hjoed sûze dy troch de oerkappinghinne en batste tsjin de ruten fan de shop. De blommen dûnsen yn de amer. Soe er oare wike in boskje meinimme? Foar Mofro? Mmm, tocht Faber, mei de ‘m’ fan ‘miskien’. Tankstasjonblommen wiene net moai, Mofro fertsjinne beslist better.
Niis hie er ‘koeienslijk’ lein. Earst stie der ‘koeien’. Op it plankje lei siljekq. In prachtwurd, al hie Mofro fuort sein: ‘Wat? Koeienslijk? Noait!’ Moai al, hie er tocht. Mofro rôp mar wat. Se koe har jaloerskens net ûnderdrukke oer sa’n prachtwurd. It wiene har eagen: se skeaten fjoer en lava, hieltyd mear.
Doe’t er yn de shop kaam, wie it ynienen stil wurden. Der wie gjinien. No ja, hy. En ien achter it tsjokke rút. Henk Patje fansels, de sinteman mei it skerpe ringburdsje. In rinnende kut, hie er ris tsjin Mofro sein. It hie eins net aardich fan him west. Henk Patje wie in bêste keardel, dy’t him wolris wat joech. Ferline wike noch: in read-grien-giele strânbal, hoewol’t er mei Mofro noait op it strân kaam.
– Henk, wat moat ik no mei in strânbal?
– Henk, der binne fierste folle oer. Nim mei!
– Henk, wy ha leaver in setsje handoeken. Of in oanstekker op sinne-enerzjy.
Mar Henk Patje joech de kleurige bal oan him.
– Of in elektryske blikiepener, Henk.
– Je binne noait te âld foar in bytsje wille, Henk. Nim mei en hjir wei!
Patje hie it kwasy-lilk roppen. Je binne noait te âld foar in bytsje wille. Dat kwasy-lilke, dat die er altyd. Hy wie hiel genereus, woe er sizze. Faber hie gjin tiid om te wegerjen, ek al wie er te âld foar in bytsje wille.

(side 5/6)

Utjouwerij Bornmeer. Omslach: Barbara Jonkers