Boek: Wettersek (2002)

Wettersek

1.

Yn it droege sân leine se ticht byinoar. It wie de ivige sliep, sa like it.

2.

Se sliepten ûnder de gleone sinne. En de stoarm hie harren hûd skeind, mar fjoer ûnder it sân hie it dêrnei droege. Allinnich de wyn liet him hearre, sêft reaune er harren lêste wurden nei. En stadich soe it sân dêrnei oer harren lichems waaie.

3.

Hy hie in line lutsen yn it sân, om him hinne kringe in fjouwerkant fan sa’n fiif by seis meter en hy seach der foldien nei. Doe rûn er twa meter eastlik en bruts er de line mei twa lytse opheginkjes. Dat wie de doar, hie er besletten. En hy naam in grutte slok út ‘e wettersek.
It wie waarm. De sinne stie heech en it sân fan ‘e woestyn baarnde ûnder syn fuotten. Hy wachte op syn frou, al in pear dagen, en om de tiid net ferlern gean te litten, hie er in stôk socht om in hûs mei te bouwen.
Op in dei seach er gleonens út it sân kommen. It draaide wat nuver omheech, doe krige er stadich in foarm. It kaam tichterby. Hy lei de hân om syn eagen om it better sjen te kinnen. Dêr kaam de frou oan.
It’s me, sei se.
I see it. What have you taken?
Coffee and potatoes.
No, dat is moai. Put it there.
En hy wiisde.
Over there? No.
No?
Too small, sei de frou.
Bliksem, tocht er, it is dochs net te lyts wurden? Efkes twifele er, want hy hie sjoen dat se de romte hiel sekuer yn har opnommen hie.
Yes, it can, sei er nei in skoftke.
Se iepene de kast en lei de waar deryn. Coffee en potatoes.
Yes, sei se, you’re right, it fits.
Doe draaide se har om en lei de hannen yn har side.
Go, go on building! spruts se en dêr lei er him by del.
Hy luts in sliepkeamer, in kokentsje, in tafel, twa stuollen en in feranda. Dêr siet er in skoftke yn it hjite skaad. Doe kaam syn frou achter him stean mei de jirpels yn har hân.
We need money. And bread. Will you find a job?
Yes, sei er, en hy rûn de doar út, fuort, en groef yn it gleone sân. Oeren lang, sa wie it. Doe kaam er wer werom. Syn frou hie kofje makke. En jirpels sean. Se ferwolkomme him.
There you are, sei se.
Yes, sei er en hy joech him del yn ‘e hoeke fan ‘e keamer. Doe’t se him syn iten brocht, wie er yn ’e sliep fallen. De frou tute syn foarholle, hy waard wekker troch har swiete lippen dêr’t sân op siet en se moasten beide laitsje. Se laken altyd sûnder lûd te meitsjen. Dat kaam om’t se inoar hast ûnhearber moete hiene.
I hiet…Joe, hie er earder ris tsjin har sein.
My name is…Rosita, hie se doe antwurde.
Ik kin ien, dy is der net mear, hie er doe ek tsjin har sein.
Se hie him oansjoen. Dêr wie it by bleaun. Knikjes, lytse wurden bûnen harren.
Se krige twa leppels út it laad en joech der ien fan oan him.
Good? frege se en hy knikke ja.
Tomorrow I go to de land, sei er.
En de oare deis grypte er syn stok en luts linen, lange linen. Doe hold er op, hy seach dat it goed wie. Nôt soe hjir groeie moatte. En jirpels. Miskien dêr in fiverke; hy makke in rûntsje.
Are you coming? I’ve made coffee for you, rôp syn frou en hy stapte it hûs binnen en gong tsjinoer har sitten. Se sloarpen. Hy seach troch it rút.
Frou, sei er, wy have it good.
Yeah, antwurde se, til now.
Til now?
We get storm. I smell it.
Hearke, sei er en hy naam noch in slokje fan syn kofje, gong oerein en gie doe nei de feranda. Rosita kaam neist him stean. De sinne gong al ûnder. Se krigen inoar by de hân en tegearre seagen se nei Mojave Desert.
De jûn ferstriek, se ieten jirpels mei sâlt en piper. Doe gongen se op bêd. Se lei neist him en hy neist har.
Let the wind blow, sei se, en se grypte syn hân en streake dy oer har side.
Yes, sei er.
Doe die er it ljocht út en foelen se yn sliep.

(side 5/6)

Utjouwerij Bornmeer. Omslach: Gert Jan Slagter