Column Friesch Dagblad, 27-04-2019

Ajax

Tsja, en dan it fuotbaljen. Ik bin sa’n type dat de stân fan de dei relatearret oan de bal. Eins haat ik de Eredivisie, de Champions League en alle WK’s en EK’s, lykas de Premiership, de Bundesliga of de Serie A. Elts wykein doch ik as bestiet fuotbal net, mar alle jûnen giet teletekst gewoan op 801.

De flow fan Ajax is foar my dus in nachtmerje. Wiene se der no mar útskopt, dan hie ik gjin senuwen mear en koe ik rêstich achteroer sitte. Ik ha dit jier dan ek in nije neurotyske kwaal oprûn. Neist rige-, ynparkear- en ik-mei-de-trein-net-misse-eangst, ha ik no ek fuotbaleangst. Sa doarde ik de wedstriden tsjin Real Madrid en Juventus net nei televyzje te sjen, gewoan omdat ik dat net doarde. Ik besocht myn tiid sinfol te ferdielen tusken in saneamd goed boek en it himmeljen fan it hûs, yn de hoop dat de tiid dan sneller foarby gie. Ik ha selfs yn de tún wurke! Al dy minuten en kertieren moast ik mysels kompleet opblaze om in pear sekonden fan it radioferslach te ûndergean. Flechtgedrach en gefoelens fan nederklits bewize it: ik bin bang foar de bal.

Wat kin ik dêr oan dwaan? Hiel simpel: moed toane. Leauwe yn myn ynderlike krêft. Net mear lústerje nei myn freondinne, dy’t seit dat ik it sa goed doch yn ’e hûs. Mysels in spegel foarhâlde. As ik dan lês oer de ranende poalkappen, de  soarchlike fûgelstân of de sakjende populariteit fan it keningshûs, dan tink ik: it is mar in bal. Gewoan in learen pûde fol lucht. Ik tink ek faak nei oer de fraach yn welke ynboks de CO2-belesting daliks moat. Dat de lânsearring fan de Galaxy Fold-smartphone hieltyd útsteld wurdt, giet my ek slim oan it hert.

Mar it helpt net altyd – tiden hawwe tiden, mar kwalen ek.

’’Wat is er toch met je? Je bent zo stil,’’ begûn myn freondinne juster.

’’Tottenham Hotspur.’’

’’Moeten die tegen elkaar? Wacht, ik maak wel even een lijstje.’’

Fannemoarn lei der dus in listje op tafel. ‘Begin maar vast’, stie derboppe. De kommende tiid sil ik it gasfornús skrobje, it húske poetse, de dakgoat útmeste, de rúten himmelje, de fytsen ynfette en it bêd ferskjinje.

Of dat genôch is, is noch mar de fraach. Tsjin Real Madrid ha ik de hiele Oorlog en Vrede der trochhinne jast (1225 siden), tsjin Juventus Anna Karenina (864). Tsjin de Spurs stiet Op zoek naar de verloren tijd fan Marcel Proust op it programma. It hat in lytse 4200 siden, wat in bytse krap is foar twa kear trije kertier. Fan ’e oare kant: ik lês it no út, wat my dan wer it saneamde thúsfoardiel opsmiit.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *