Column Friesch Dagblad, 20-04-2019

Fersliepe

Ik lei tiisdeimoarn om 06:15 noch lekker te koezen, doe’t ik belle waard troch myn wurkjouwer. Of ik wol wist dat ik wurkje moast? En of ik noch kaam?

Ienris op de fyts daalde it feit pas echt yn. Ik hie my fersliept op de klassike wize: om 05:15 hie ik de wekker útset, dêrnei sûze ik rêstich in oerke fierder. Der wie ek gjin inkele oanlieding om my sa yntins te fersliepen, want de jûns dêrfoar wie ik kreas om 22:30 yn bêd stapt.

Kin gebeure fansels, mar dochs bliuwt it in beskamsum barren. De hiele fierdere dei siet ik mei de hannen yn it hier, myn súnden oertinkend en dreamend fan in libben sûnder flaters. Alles kaam derby: ik wie in ko, in dwaas en in koekje. Fersliepe is in knikkerpûdsje fol ferwiten, dat de hiele dei om ’e nekke hinget. Dat pûdsje waard trouwens ekstra swier om’t ik it net neilitte koe om dy fatale moarn nettsjinsteande alle hastichheid dochs noch eefkes teletekst oan te floepen, om te sjen hoe’t it no wie mei de Notre Dame. Neist ko, dwaas en koekje hie ik dus gjin besef fan prioriteiten. Pas om seis oere middeis koe ik it loslitte en oergean ta de oarde fan de dei.

Ien en oar die my sterk tinken oan de kear (yn 2012) dat ik om 11:00 it fleantúch nei Sint Petersburg nimme soe. Ik waard doe om 07:00 wekker, wylst ik op dat tiidstip al in oere yn de trein sitte moatten hie. Fanôf it bêd oant Amsterdam hold ik mysels foar de gek troch te tinken dat it noch koe – mei de trein fan 07:25 hie ik noch rom in heal oere as ik op Schiphol komme soe. Ik wie yndie om 10:15 by de baly, dêr’t se foar de foarm noch efkes bellen nei de gate. Dat joech my in goed gefoel: ik wie dan wol te let, technysk sjoen wie ik op tiid. Doe’t de balymeiwurkster de oplei sei se: ‘Helaas meneer, de gate gaat net dicht.’

‘Dit is onrecht. Kan hij niet weer open?’

‘Nee. Dicht is dicht.’

‘Maar ik ben Jaap!’

‘Nou en? Ik ben Kelly.’

Ik koe net oars as de folgende flecht boeke en moast dêrom ek in nije retourticket keapje. Dizze grap koste my 300 euro, mar dat wie net it slimste. Doe’t om 14:00 it fleantúch omheech gie, daalde it beskamsume feit pas echt yn. De hiele trits waard derby helle, wêrnei ik de hiele flecht mei de hannen yn it hier sitten ha.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *