Column Friesch Dagblad, 30-03-2019

Frees

Nederlân is ien fan de gelokkichste lannen yn ’e wrâld, mar tagelyk kampt it mei eangst en frees. Nim my no. Neist in autintike, sympatike en mediagenike held bin ik ek ien fan de grutste senuwpezen. Sa ha ik frees foar technyske apparaten as wekkers en kompûters, om’t ik dy altyd stikken gean as ik it net wol. Ik ha ek fuotbalfrees, wat ynhâld dat ik belangrike wedstriden (resint: Nederlân – Dútslân) troch de spanning net mear foar de radio of televyzje doar te folgjen. De hiele tiid doch ik dan wat oars, bygelyks stofsûgje of húske himmelje, braaf tinkend oan wrâldfrede en in skjinne natuer. As ik fermoed dat de wedstriid dien is, skakelje ik mei in bûnzjend hert nei teletekst.

In oar gefolch fan myn gefoelige senuwen is myn frees om auto te riden. Dy frees wurdt ek grutter, om’t ik it momint fan wer begjinne hieltyd útstel. Dat is fansels ek wer it moaie fan de neurotyske frees: jo hawwe altyd in kâns om der oerhinne te kommen.

Fan al myn senuwopstoppings is dy fan de rige de grutste. As ik pinne of pisje moat en der stean minsken achter my te wachtsjen, wurd ik ûnrêstich. Logysk dus dat ik as byrider yn in auto aardich nerveus wurd as ik oer de provinsjale wei riid en der twa, trije auto’s achter my sitte. Ik tink dan dat de bestjoerders (m) razend binne, om’t wy ús te strikt hâlde oan de maksimum snelheid. It leafst gean ik dan eefkes fanside, sadat se ús net mei honkbalknuppels belage sille of al ynheljend útskelle foar rotte fisk.

Hoe’t sokke frees wurket? Foarige wike snein rieden wy troch de Stadspolder – in smel dykje yn de Reiderwolderpolder – ûnderweis nei Nieuwe Statenzijl.  Dus rjochting Kostverloren, fia Drieborg en dan tusken Ganzedijk en Oudezijl omheech. Dus yn de buert fan Nieuw Beerta, net fier fan Finsterwolderhamrik en neist Dútslân. As it jo neat seit is dat net nuver, want de Stadspolder is oanlein tusken de fjilden fan East-Grinslân, in streek dêr’t Nederlân gewoan ophâld. It dykje rûn dan ek dea, sadat wy op de keale flakte keare moasten. Ik dus panysk ‘pasoppasoppasoppsppssppssp!’, wylst der wurklik yn de fierste fierten net in fytser of fûgel te bekennen wie.

Ik ha ek frees foar de hear T. Baudet, mar dat is gjin neurotyske frees, mar in realistyske. Autoritêre figueren as hy ferdraaie de wierheid, ûntkenne de feiten en lytsachtsje senuwlijers as my. Myn ferstân en gefoel binne it yn dit gefal dus aardich mei inoar iens, wat frij seldsum is. Freeslik gewoan.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *