Column Friesch Dagblad, 02-02-2019

Sa gewoan as molke en sûpe

Hjoeddedei is roke allemachtich ferbean, mar dat hat fansels net altyd sa west. No haw ik krekt net de âldens om te stellen dat sigaretten en sigaren yn in frisgleske op tafel krekt sa gewoan wiene as molke en sûpe út in beker, lykwols heuge my in pear saken noch goed.

Sa haw ik noch meimakke dat it ûnderwizend personiel de piip gewoan yn ‘e klasse oanstuts. Dêr waarden fierders gjin fragen oer steld; net troch de bern, net troch de âlderkommisje, net troch de MR en net troch de ynspeksje. It hie sels wat smûks, sa fan: pake stuts de piip oan en begûn te fertellen. Doe’t ien fan de famkes út myn sechde klasse op in dei tsjin de master sei dat soks net mear mocht, waard dy moadegril fan ferantwurde ymportlingen út de nijbou, ôfdien mei in stevich ‘Ach skyt!’.

Ein diskusje. Roke moast meie. Om noch eefkes by de molke en sûpe te bliuwen: Roke ferbûn generaasjes. Handenarbeidstumpers dy’t in plak klaai foar de noas krigen en net wisten wat se woene, koene altyd noch in jiskebakje meitsje, foar op tafel dus. It wie dan saak om minimaal fjouwer ynkepings yn de opsteande râne te meitsjen, bedoeld om de baarnende sigaret of segaar yn te lizzen – leuk foar pake.

Dyselde bern moasten doe ek geregeld nei de sigarewinkel drave om in pakje shag te heljen foar heit en mem. Gjin punt fansels foar it winkelpersoniel, dat wist der ommers fan. As jo der no goed oer neitinke, is it nuver dat der noait ROKEN IS SLECHT, STUUR UW KIND NIET ALLEEN NAAR DE TABAKSZAAK op it pakje stien hat.

Doe’t ik nei de legere skoalle gie, waard der trouwens ek noch gewoan slein en oan de earlellen lutsen. Soks krige it kontainerlabel ‘corrigerende tik’ opplakt en wie dêrom gjin ûnderwerp fan diskusje – gjin âlderkommisje, MR of ynspeksje dy’t der wat fan fûn. Sels ik, in braaf koekje dy’t simmerdeis fakânsjekaarten stjoerde nei de master, bin in pear kear troch it ûnderwizend personiel ûnder hannen nommen. No, tinke jo dêr mar ris oer nei, yn dizze tiid fan falhelmen op de trijetsjiller, matten ûnder it klimrak of spesjale boartersterreinen om ferantwurde smoarch te wurden. Wy hiene it breed en goed, mar tagelyk wie dat doe wol sa.

En wêrom?, freegje jo jo no ôf. It wie ommers bekend dat tabak min wie, lykas in korrizjearjende pak op ’e bealich. Mar ferslaving en geweld wiene doe wat Swarte Pyt no is: it wie net echt goed te praten, mar it moast fansels wol.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *