Column Friesch Dagblad, 19-01-2019

Hobby’s

Sa’t jo witte duorret it net lang mear foar’t ik fyftich bin. No is it net fuort slim om fyftich te wurden, fierwei de measten wurde it ommers. Fansels, jo krije in rimpelke hjir en in stiif knibbelke dêr, mar dêr foaroer stiet dat wiisheid en inerlike krêft mei in faktor 10 opskaald wurde. As jo no sizzen gean: ‘begjinst der no wêr oer’? dan is myn antwurd: ja.

Werom net? Mei dizze mylpeal is it nammentlik ek foar my tiid foar in nije hobby. De Van Dale groot woordenboek van de Nederlandse taal omskriuwt ‘hobby’ as ‘liefhebberij’. Yn it Fryske wurdboek (NL-FRL) stiet by ‘hobby’: ‘hobby’. De Van Dale omskriuwt ‘liefhebberij’ as ‘wat men graag doet’. Yn sprektaal is in hobby is dus te omskriuwen as ‘een liefhebberij die men graag doet’. Ik stel dit allegear om’t oan te jaan dat in hobby in definysje hat, dy’t jo by it klimme fan de jierrren opnij ynfulling jaan moatte.

Krekt dat is it ferskil mei de hobby fan junioren. Se sizze bygelyks dat harren hobby ‘Lego’ of ‘paarden’ is. Letter wurdt dat wat plastysker mei leafhawwerijen as ‘chille’, ‘surfe’ of ‘mijn vriendin’. Wat se lykwols diele is dat de hobby út it hert komt en net oandroegen is.

Senioren dêr foaroer fiele de urginsje in nij start te meitsjen, om’t se oars freze de spontaniteit fan it hert te ferliezen. Hiel wat âlderen gean dus de doar út om de sleur te ferbrekken. Sy stappe op de nije motor of meitsje lange transkontinentale kuiers, ek wol hike neamd. Oaren bliuw leaver thús om it hûs eigenhandich te ferbouwen. Dêrta keapje se foar mear as 3.000 euro oan ark en farve by de Hornbach of Gamma, guod dat nei it earste putsje meastal leit te ferpiterjen yn de skuorre. De Hornbach en de Gamma binne dan ek echte hobbywinkels, om’t se in feilleas each hawwe foar de romme beurs fan de grutste kneuzen.

Wêr oaren sykje harren heil yn eksoatyske dranken as whiskey, spesjale bieren of wyn. Priuwerijen, beurzen, televyzjeprogramma’s: alles kin. Foar dy wyn bin ik gefoelich, beken ik jo. As jonge señior tink der geregeld oer om in wynhobby te begjinnen, mar wit noch net wêr en wannear. Ik wit ek net werom, want de skeikunde fan it wynbrouwen is foar my ûnbegryplik. Dêrmei wit ik no al dat ik de fout meitsje sil dy’t de putsjemannen ek meitsje – al komme dy 3.000 euro oan merlot of chardonnay wol op.

Miskien moat ik oars mar in nije taal leare, of my sette ta in stúdzje fan de woartels fan it Frysk. Sa stiet der yn it Fryske wurdboek (FRL-NL) by it lemma ‘hobby’: ‘hobby’. Nijsgjirrich, tink ik dan.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *