Kollum Friesch Dagblad, 22-07-2017

Mont Ventoux

Flak foar de start fan de Tour wie ik by de presintaasje fan de Fryske oersetting Ventoux, de súksesroman fan Bert Wagendorp. Utjouwerij Regaad wie de gasthear fan dizze moaie jûn, fol (sterke) ferhalen en poëzy oer de hurdfytserij. Fansels wiene der foaral manlju oanwêzich, want mannich man yn it djipst fan syn tinzen in hurdfytser.

Ik moast dêrom ek tinke oan myn eigen beklimming fan de Mont Ventoux yn 2000.  Mei twa maten soene ik omheech oan de side fan it doarpke Bedoin, dêr’t se ‘Ventoux’ trouwens útsprekke as ‘Ventoum’.

Yn it foar hiene wy ôfpraat dat it net in wedstriid wurde soe. In klim fan mear as 20 kilometer mei in stigingspersintaazje fan tusken de 5 en 12 prosint, dat  moasten wy tegearre dwaan. Wie dit no net in moai stikje male bonding?

Jo begripe dat it ferbûn fanôf de earste meter ferbrutsen waard. Bol fan ’e spanning naam elk syn eigen foartou, mei as doel de totale fernedering fan de oaren.

Mar dat foel net ta. Op ’e wei stiene allegear alliterearjende kreten kalkt as ‘Ga Guus!’, ‘Hup Henk!’ en ‘Kom op Rob!’, dy’t my om it hieltyd hegere stigingspersintaazje poer makken. Boargerlike humor fan boargerlike steltsjes, wist ik. Wat foar smakeleaze froulju diene soks? En werom stie der net ‘Naar de straap Jaap!’?

Dochs rekke ik net yn panyk. Ik fielde my selfs sterker wurden. In hurdfytser is goed as er ynhâlde kin. Wielrenne is gjin krêft- of duorsport, mar in wedstriid enerzjysunich stoke. Elke traap nei ûnderen moat in fytser it gefoel ha dat er syn skonken  útazemje lit, sadat er de folgende omgong foarsichtich wer oansette sette kin.

Krekt omdat ik sa goed ynhâlde koe, slagge it my om in gatsje te slaan. Doe’t myn achterfolgers in tikje wanhoapich útstelden dan mar skoft te hâlden, skuodholle ik resolút en fytste ik fuort. Op trije bananen, tsien sûkerklontsjes en twa bidonnen wetter kaam ik nei twa oeren as earste boppe. It wie iiskâld, Tom Simpson lei ûnder my en ik fielde my in kampioen. Fanwege de male bonding liet ik fansels neat blike, want meidwaan wie wichtiger as winne.

Joop Atsma wie ek by de presintaazje fan Ventoux. As mei-organisator fan de Profronde van Surhuisterveen liet er in pear fan syn giele truien sjen – ûnder oaren dy fan Chris Froome en wijlen Marco Pantani. Dat ik mei it tricot fan Froome op de foto gie, die my wat. Neam it gerêst in stikje foldwaning. Hoe sis ik dat sa literêr mooglik?

No, bygelyks sa:

Tinkend oan de Mont Ventoum / sjoch ik Jaap / hurd troch ûneindich / heechlân fytsen / yn de trui fan Froome

Chapeau foar my!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *