Kollum Friesch Dagblad, 08-07-2017

Pynlik

Ik wie myn hûs oan it behoffenjen en hie de keamer dêrom hielendal leechhelle. De flier yn ’e lak, de muorren fris farve, wat ôfbyldings yn in nij jaske stutsen, sa kaam ik de trije wike wol troch.

Trije wike is fansels lang foar in rige putsjes, dy’t mei in bytsje trochsetten en ynsjoch yn trije daagjes klear wêze kinne. Dochs bleau ik der oer it generaal frij rêstich ûnder, ôfsjoen fan in pear smiitpartijen mei hammer en kwast. It heart no ienris by de natuer fan myn twa lofterhannen, dy’t de matearje as Lego sjocht en alles mei punêses ferbynt dan wol ôfdekt mei in kleedsje. It wurket miskien op ’e koarte termyn, mar fansels komme je josels hieltyd wer tsjin.

Boppesteande lêst in bytsje as pronkjen mei ûnhandichheid en dat is it ek. Dochs bin ik hiel earlik as it sis dat ik mysels dizze kear oertroffen ha. De Gamma en Hornbach stean fol mei allemachtich djoere apperatuer, bedoeld om kneuzen as my fuort de beurs lûke te litten, mar útsein it farvjen hat dizze jonge alles gewoan dien mei de tradisjonele spanningssiker. Lofterhannen, stean op!

Doe’t de keamer wer hielendal kasko wie, moast it echt pynlike lykwols noch komme. By it ynromjen fan ’e boekenkast begûn ik kreas by de a (Piet van Aken) en wurke sa troch oant z (Gerrit Jan Zwier). Tusken dy 26 letters fûn ik hiel wat snipperkes papier – stikjes fan in krante, in skuor út in tiidskrift, in wikkeltsje fan in Raider, in stokje fan in ijsko. Alles healwei of oan it begjin fan it boek deryn stutsen mei de bedoeling der letter yn fierder te gean. Guon fan dy stikjes wiene al mear as tweintich hier âld – op it wikkeltsje fan ’e Raider stie: ‘exp. date 05-1995’ , mar doe wie Raider allang Twix.

Sa waard it ynrjochtsjen fan de keamer de langer de mear in pynlike ekserysje. Soms skamme ik my kapot en leechachte ik mysels as gjin oar. It die my tinken oan al dy boksen mei Bachkantates út it Kruitvat, dy’t ik oait kocht om mei omtinken en ûntsach te ferkennen, mar nei in pear jier yn twa grutte pûden nei de omrinwinkel brocht ha. As foarm fan straf stie ik yn berie itselde te dwaan mei al dy boektitels, mar ik besleat te wachtsjen oant de dei dat ik myn hûs opnij behoffenje sil. Mooglik ha ik tuskentiids alles gewoan útlêzen, mar jo en ik witte dat hoop en skuld net tegearre kinne.

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *