Kollum Friesch Dagblad, 01-04-2017

Wintersport

Ik ha dit jier op wintersport west. Krekt foardat de maitiid los gie ha ik de stoute skiskuon noch oanlûkt. De helling dêr’t ik fanôf nei ûnderen fleach wie net samar in helling, mar de langste fan ’e wrâld. Dat docht wat mei in mins: foar hellings jildt dat as de ski’s ek mar ien meter tajouwe de skiër net mear werom kin en de ôfdaling definityf begûn is. Wa’t ienris glidet, moat it dus fuort ha fan syn technyk, oanpassingsfermogen en in mear as sûne doasis lef.

In pear feiten derom. De helling dy’t ik naam hie in persintaazje fan 24%, wat hiel steil is yn ski-lân. Yn myn hiele libben ha ik ien (!) lês hân, wat dus wat seit oer myn oanpassingsfermogen. Kenlik bin ik in talint, ien dy’t yntuïsje en technyk muoiteleas kombinearret en sa ta grutte hichtes komt. En dat allegear sûnder helm, skipak en skibril! Ik ha tidens myn wintersport ek noch socht nei in ski-skâns (90 m.), yn de hoop dy ek mar eefkes te nimmen, mar spitichgenôch wie dy der net.

Ik moat jo trouwens wol fertelle dat ik gjin ski’s en skiskuon ha en dy dus hiere moast. Ik moat jo ek fertelle dat de helling oerdekt wie en yn Bottrop stie, in treurige yndustriestêd yn it Ruhrgebiet, dêr’t de restanten fan de mynbou heger binne as de flats. Myn wintersport duorre presiis ien middei, wêrnei ik it ek wol wer moai fûn en nei in potsje bier yn de kantine nei hûs woe.

Hoe treurich it allegear ek heart, ik wie wol grien oan it skiën en hoechde my dêr net oer te ferantwurdzjen. Al dy folksstammen dy’t mei de folle beurs en folle auto nei de bergen skeure moatte dat wol. Wintersport is skandalich. Troch de klimaatferoaring komme de pistes hieltyd heger te lizzen, wêrtroch bosken fuortkapt wurde en de natuerlike muorren ferdwine. Al dy bewegings fan de lange latten meitsje de grûn ek noch poreus. Gefolchen: lawines, modderstreamen, heech wetter en oerstreamings.

Jierliks gean der ien miljoen Nederlanners op wintersport – meastal de rikeren, de better witte-moattenden. Werom bliuwe dy minsken net gewoan thús? Tink jo ris yn dat hjir fan april oant oktober ien miljoen misken te waadrinne sille. Gefolchen: De kwelders kapot, it Waad fersmoarge en oeral biertenten en parkeargaraazjes – en dan ha wy it noch net iens oer de lanningsstrip op see foar de gipsflechten.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *