Kollum Friesch Dagblad, 11-03-2017

Oerbliuwe

As bern fan de jierren santich en opgroeid yn in nijbouwyk bin ik al betiid yn myn libben bekend rekke mei saken dy’t no hiel gewoan binne: emansipaasje, polarisaasje en fleksibele wurktiden. It betsjutte dat ik al op myn fiifde, seisde it eigen paad socht, op krúzings kaam te stean en kieze moast.

Sa rûn ik selsstannich nei de buorren ta om dêr in oerke oer te bliuwen oant myn heit of mem thús kamen út skoalle. Dat is no hiel gewoan en wurdt no selfs mei bakken oerheidsjild yn stân holden, mar doe wie it in novum. Wy wiene eksperimenteel. Ik wie in foarlûker.

Us buorlju ûntfongen my trouwens hertlik mei café noir-koekjes en in pear dropkes. Op de itenstafel lei in pakje kaarten foar patience, yn de finsterbank stie de radio op Hilversum 2.

De foardielen fan al betiid selsstannich wêze binne legio. Ik hie bygelyks alle gelegenheid om wat hurder as gewoanlik de nijste poep- en plaswurden te besykjen, want yn it bywêzen fan frjemden hie dat mear effekt as thús.

Tagelyk waard yn sa’n nije omjouwing automatys de wêrom dan-faze stimulearre, dy’t dêrom by jong-selsstannige minsken faak langer duorret. Wêrom ha jim gers yn de tún? Wêrom is dat hee? Wy ha heide. Wêrom ha jim in grien sinneskerm? Wêrom? Werom dan hee? Uzes is oranje. Wêrom brûke him Becel? Wêrom dan? Wy ha Bona.

Sa waard ik yntellektueel riper en riper en krige ik each foar God, heitelân en Oranje, dy’t yn alle dy maatskiplike fernijings noch altyd de fûneminten fan it bestean wiene. Us pensjonearre buorlju wiene wierskynlik kunde fan Juliana en Bernhard, want dat wiene alle âlde minsken. Mei Oranje siet it dus wol goed. Mar wêr wie harren God? Ik seach se tenminsten noait by ús yn tsjerke. No joech dat neat, want der wiene tsjerken genôch en de oekumene wie yn dy tiid in saak fan derby komme en meidwaan. Op in dei woe ik it toch oplosse. Fansels hie ik hiel wat ynlieding nedich (‘Wêrom dan net hee?’), oant ik ûnderbrutsen waard.

‘Jaap, wy gean net nei tsjerke.’

‘Huh?’

Wêrnei ik it O-wurd neame moast – ik koe net oars.

‘Binne jim openbaar?’

‘Ja.’

Echt?’

‘Ja.’

Myn koherente en logyske wrâldbyld skuorde iepen mei de krêft fan in knetterjende tongerslach. Ik moast miskien akseptearje dat ús buorlju stjonksigaren wiene, wat ik net koe – en noch net kin. Yn dit Lutherjier is soks allegear hiel besprekber, mar 459 jier nei de Reformaasje wie dat noch oars. Ik fielde my in oerbliuwer en draafde nei hûs.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *