Kollum Friesch Dagblad, 04-03-2017

PvdA

Lit ik it mar gewoan sizze: ik stim oare wike op de Partij van de Arbeid. Ik stim der net allinnich  op, ik bin der ek noch lid fan en as sadanich dus in echte PvdA-ur.

Sa, dat is derút. Yn it bedoarne, rike en hystearyske Nederlân is PvdA-bashing sa gewoan wurden, dat de meidieling fan lidmaatskip sawat lyk stiet oan in coming out. Freeslik gewoan, want de partij dy’t it leafst sjoen wurdt as de arrogante middenpartij wurdt stelselmjittich troch arrogante linkse ridders en rjochts rakkers te kakken set. Ienpitters, populisten en tradisjonele partijen: elkenien hat de PvdA foaral nedich om de eigen plannen te ponearjen.

Lit ik dêrom noch mar wat oare wapenfeiten fertelle oer myn relaasje mei de partij, want ik skamje my nerges foar. Sa hingje ik altyd trou in poster foar it rút as de ferkiezings wer oansteande binne. Fierder neam ik yn elts petear oer polityk de partij sa faak mooglik, om slûpenderweis reklame te meitsjen foar de goeie saak dêr’t de Partij van de Arbeid foar stiet: betsjoerlike fysje en ûnderfining, each en hert foar alle lagen yn de maatskippij en de reeëns om it belied oan te passen as de politike realiteit dêr om freget. Yn it bedoarne, rike en hystearyske Nederlân hearre sokke wurden fansels hiel leech en hol, mar ik leau der yn.

Miskien wol om’t ik leau yn de Partij van de Arbeid as in regintenpartij. Ik bin gek op reginten, want sy witte wat goed foar my is. Neist reginten leau ik ek yn managers, burokrazy, hege belestingen en globalisearring. Dit konglomeraat hat ús stabiliteit jûn, plus fiif wike fakânsje, in goed pensjoen, betelbere sikesoarch, dûbele rúten, in twadde auto en seëen frije tiid – om mar in pear wapenfeiten te neamen.

Wolle jo noch mear wapenfeiten? Ik ha lidnûmer 1348533. Eltse moanne wurdt automatysk 2,60 lidmaatskipsjild fan myn rekken ôfskreaun. Jierrenlang wie dat 2,00, mar om’t ik ek profitearje fan de ekonomyske opleving (dankwol o PvdA), is dat bedrach automatysk ferhege.

Jo begripe wierskynlik dat it foarútsicht fan tsien à tolve setels yn de nije Twadde Keamer my grut fertriet docht. It fielt as it foar de bek slaan fan dyn eigen mem, want dat is de PvdA – elkenien is dermei grutbrocht, no is it tiid om ûntankber te wêzen. It feit dat daliks miskien de helte fan de Keamer fuld is mei ja- of nee-knikkers is in earnstige saak. Je soene hast leauwe gean dat soks allinnich kin yn it bedoarne, rike en hystearyske Nederlân.

 

 

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *