Kollum Friesch Dagblad, 18-02-2017

Ljocht

Ik wie heechnedich ta oan in wike frij en naam dêrom op in winerige moandei de earste de bêste boat nei Skylge. Miskien soene jo it ‘fakânsje’ neame, mar ‘WFR’ (Wolfertsjinne Ferplichte Rêst) past hjir better. Folle better selfs.

Om te genietsjen fan stilte, oarde en rigelmjit hie ik in hiel lyts húske hierd – in koaihúske tusken Formerum en de Waaddyk, mei in twapits gasfornúske en inkel in houtkachel as ferwaarming. Ik woe neat, útsein dat de natuer it fan my oernaam.

No ja, it is mar hoe’t jo dat besjogge fansels. Al hie ik dan gjin stroom, ik hie wol wifi. Al hie ik dan mar twa tafellampkes, ik hie genôch kearsen. Al hie ik dan gjin farsk wetter, de earste Jumbo lei op oardel kilometer fierderop.

Lykwols die de idee fan ienfâld my fertuten. Ik hie mysels parkeard yn it liddige en fielde my al gau sa befrijd dat ik te hynderaaien gie, in flesse cranberrysherry soldaat makke en in stevige febrewarisdûk naam yn de iiskâlde see.

Trouwens: al hie ik dan gjin sinne, ik hie nachts wol in tsjustere loft. No hat Nederlân hast gjin tsjustere loft mear, sadat ik my yn it polderhúske noch fierder bûten de deistige oarde waande. Jûns gie ik geregeld eefkes nei bûten om nei de himel te sjen. Dat die ik net samar, want de kontoeren fan wat ik fierderop seach waarden hieltyd dúdliker en skerper.

Earst seach ik in grutte oranje flek, dy’t ik as Ljouwert identifisearre. Dêrnei seach ik in twadde flek, dy’t ik werkende as Harns. As jo de ôfstân fan Skylge nei it fêstelân yn gedachten nimme, binne dy flekken allegear hiel logysk.

Let wol: dit wie oan it begjin fan ’e wike. Healwei wie it kreakhelder (en iiskâld), sadat ik folle mear seach. Om presiis te wêzen: de hiele kust fan Fryslân spegele him yn djip oranje neonljocht oan my – as in gigagrut romteskip, dat erges bûten myn eachwiid begûn en erges yn ’e fierte ophold. In rûning sûnder ein. Ik stie net op de Waaddyk en ek net op in dún, mar gewoan yn de polder by Formerum.

It wie fansels hiel spektakulêr, mar ûnderhân fielde ik my gjin bûtensteander mear. Feitliks libbe ik yn it koaihúske ûnder de útrinners fan in grutte TL-lampe, dy’t elke jûn oan giet en de hiele nacht baarnen bliuwt. Ik tocht: elkenien mekkert mar oer dy pear wynmûnen en sinnepanelen, mar as it om fersmoarging giet stapt gjinien út syn eigen skaad.

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *