Kollum Friesch Dagblad, 17-09-2016

Arriva (1)

Ik stie mei de fyts op in sneintemoarn op it stasjon fan Sauwerd (Grins) en woe fuort mei de trein. Op de site stie dat dy om 07:27 fertrekke soe, mar nei oankomst dy bliken dat dit om 7:36 wie. Apart, want it stie dochs op it stasjonsboerd en op de site. No makke my dat dy moarn neat út, mar ik tocht: jo sille de oanslúting nei Amsterdam of Arnhem mar misse.

Hawar, it wie noch altyd in moaie sneintemoarn. Om der wis fan te wêzen dat ik genôch saldo hie, laadde ik dat op en kocht ik in fytskaart. Dat giet tsjintwurdich hiel maklik fansels: jo stekke de ov-chipkaart deryn en dogge wat finansjele transaksjes.

Probleem mei de automaat fan Arriva is lykwols dat dy net sa goed is – goedkeap yn de lay-out, aardich dreech as it giet om it brûk fan de fingertoetsen. Planút sein binne de keuzemenu’s te smel oanjûn, sadat in hastige reizger gau de ferkearde kar makket. Ik ha bygelyks ris in ‘railrunner’-kaartsje besteld (foar bern), wylst ik in fytskaart ha moast.

Dizze kear waard myn ov-chipkaart nei it saldo opladen gewoan ynslikke en fêstholden. Hoe hurd ik ek luts, de kaart bleau sitten wêr’t er siet. Gelokkich stie der in praatpeal neist de automaat, sadat ik kontakt opnimme koe mei de klachtenlijn.

Hiel ferfelend menear, waard der sein. Ik koe it bêste gewoan freegje oan de kondukteur of ik mei mocht. De kaart soe woansdei wer yn Grins wêze, as ik no al myn gegevens trochjoech, krige ik de tefolle makke kosten (ik moast no reizjge op fol taryf) letter wer werom. Wat is jo mailadres?

Ik wie bliid, want ik soe op tiid op myn bestimming wêze. Mar ienris yn ’e trein begûn ik it hieltyd frjemder te finen. Want wêrom moast ik oan de Arriva freegje of ik mei mocht, as sy myn mei jild beladen OV-kaart fêstholden? Der is ek sa wat as in ferfiersplicht nei it ‘in gebreke blijven’ – neffens my hie ik gewoan it rjocht om mei te gean. En wat waard der ferstien ûnder ‘freegje oan de kondukteur’? In reizger hat yn in amper stilsteande trein gjin tiid om te freegjen oft er wol mei kin. En wat as de kondukteur sein hie dat ik net meimocht?

Wy blibje yn in flotte tiid, dêr’t bedriuwen en ynstânsjes ús lekker meitsje mei klantfreonlik tinken en optimale kommunikaasje. Ik ha der dêrom in sport fan makke om se de foaroerstelde feiten ûnder de noas te wriuwen. Mar Arriva makket it soms wol hiel bûnt – it tsjinstroaster doocht net, de apperatuer is min en trije wike nei dato ha ik noch altyd gjin mailtsje krigen. Wordt vervolgd.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *