Kollum Friesch Dagblad, 16-05-2016

 

Berlyn

Ik wie nei Berlyn set om noch wat mear fan ’e wrâld te sjen. Nei oankomst naam ik it tûke beslút in ris fyts te hieren en de metro lofts lizze te litten. Frjemd fansels: in Nederlanner om útens dy’t de fyts ynienen ûntdekt.

Want in ûntdekking wie it. Alles krige kleur en reek yn ’e stêd, dy’t ik as toerist feitliks allininch mar kin fan hearren sizzen – in hearren sizzen dat trouwens ek hieltyd mear de fertochte reek fan nostalgy krijt. Ik fytste oer de start- en lanningsbanen fan it eardere fleanfjild Tempelhof, die in tukje yn ’e tún fan de Charlottenburg, iet currywoarst by in Imbiss oan ’e Spree en dronk jûns bier mei wyldfrjemde bewenners op it terras om ’e hoeke fan myn ferbliuw. Berlyn lei oan myn fuotten en ik hie de tiid fan myn libben.

Op ’e twadde dei hie ik in besite oan it Funkhaus Berlin pland. Dizze eardere DDR-opnamestudio foar radio- en plaatopnames is no in leech en spûkachtich gebou, dêr’t it goed yn doarmjen is. De tún wie ferwildere, oeral lei stof en tusken de spilen fan ’e trepleunings rûkte it nei ferjitten metaal. Ik rûn troch in stille foyer, iepene op de taast in geheimsinnige doar en stie ynienen yn ’e kleine Sendesaal. Ut it plafond kamen de mikrofoans as slingerstrúken op my ôf, oant de mei hout besleine wand hong  in grutte wizerklok. Ik wie der folslein allinnich en koe myn eigen fuotstappen en azem goed hearre. Oait sieten hjir orkesten, sjongers en akteurs harren opdrachten ôf te wurkjen. Ik hie it gefoel dat ik  deagemoederd oer de ruïenes fan in totalitêr systeem rûn en fielde my dêrom in bytsje in oerwinner. Berlyn lei dus noch altyd oan myn fuotten doe’t ik wer op ’e fyts stapte om fia Kreuzberg nei de Alexanderplatz te gean.

Op ’e tredde dei soe ik nei in strykkwartet yn ’e Berliner Philharmonie. Yn in stêd dy’t ferfilme is as Sinfonie der Großstadt (1927), lústere ik nei de Große Fuge fan Beethoven. It hat gjin doel dit stik op cd te hearren. It kin allinnich live, as de skokkende dissonanten echt binne. Miskien hearde ik de grutte stêd der wol yn – metrobrêgen dy’t oer de drokke strjitten rinne, massive bakstiennen yndustriegebouwen dy’t hieltyd grutter wurde, de ôfslach rjochts nei de ôfslach links om in echte Kneipe te finen.

Sa ha ik neat sjoen, mar fan alles belibbe. Je kinne ek jo nocht krije fan ’e toeristyske highlights, dy’t faak oanfiele as ferplichtings. Dêrom sis ik: fuort mei de museum-ekonomie! Alle reisgidsen by it âld-papier! Doch wat! Libje!

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *