Kollum Friesch Dagblad, 26-03-2016

Fans

PSV moast út tsjin Atlético foar de Champions League, dêrom giene der allegear fans mei nei Madrid. Se dronken pils yn it sintrum en songen PSV-lieten. De stimming siet der aardich yn, it gie fan je hy, ha & ho. By it fiifde potsje bier kamen der Roma-minsken by it terras del om jild te freegjen. Alle supporters hiene lol om dizze oanklaaide soepjurken. De euromuntsjes fleagen troch de loft en froulju draafden der achteroan. Guon drukten harren in pear kear op yn ‘e hope op in euro, oaren moasten tasjen dat in jildbiljet foar de eagen ferbrând waard. Dom fan de PSV-fans, want alles stiet op youtube.

It Spaanske OM ûndersiket de saak, sa’t dat sa moai hjit. Ik bin dus benijd wat foar arguminten de oanhingers brûke sille om de hannen yn ûnskuld te waskjen. Doe’t Feyenoordfans de Barçacciafontein út 1627 yn Rome fernielden, seine guon dat der gjin jiske-amers wiene om it lege blikje bier yn te proppen. Dan mar sa.

Hoe sil it no gean? Earst sil der opmurken wurde dat dit net ‘de’ fans wiene. It wiene der mar in hantsjefol. De fanklub sil ferklearje dat se witte wa’t it binne en dat der passende maatregels folgje sille. Foei jonges, net wer.

Dêrnei wurdt it eigen-skuld-argumint yn stelling brocht. De Roma folgen de fans nammentlik de hiele dei al. Se wiene hinderlik en betiden agressyf. Ien hie in mes. Hjirnei folget der earst in stikje etyske refleksje en selskennis: ‘it is fansels net goed te praten’, folge troch dat ferrifeljende ynsjoch: ‘mar se fregen der ek wol in bytsje om’.

Dêrnei sil der folhâlden wurde dat in soad fans gjin wurk hawwe en yn in fjochtskieding lizze. Se hawwe it der mar dreech mei en wiene dat wykein ta oan in fersetsje. Ek yn it fuotbalfandalisme is de bal rûn, sille wy mar sizze. In hooligan is krekt as de fuotballer dy’t syn tsjinstanner in deaskop jout en dêrnei it gebeart makket dat er allinnich mar de bal spile.

Ik gean der mar fanút dat dizze terrasgongers út kreaze Vinex-wiken komme, jild by de fleet hawwe en de Noard-Europeeske supremaasje brûkt hawwe om oare Europeanen in leske te lêzen. Want dit is wat my sa opfoel oan dizze kollektive aksje. Leechachtsjen is in subtile wize fan diskriminaasje, dy’t by einbeslút ôfdien wurde sil as geintsje. Leechachtsje, diskriminaasje, geintsje: trije wurden mei eksakt deselde betsjutting. As dit it Europa fan de takomst wurde moat, kinne wy no wol ophâlde.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *