Kollum Friesch Dagblad, 12-03-2016

Mei de trein

Ik soe in dei fuort mei de trein nei Utrecht. In âlde stêd mei grêften en moaie gebouwen. Ik hie dan ek nocht oan it reiske, wat ek komt troch it gefoel fan fuortgean. De trein is op sa’n dei eins in soart skoalbus. As er wacht op it drokke perron, begjinne jo automatysk hurder te draven om mar neat fan de sensaasje te misse te hoegen. Ik gean dan ek altyd achteryn sitten om mear ouwehoere te kinnen, hoewol’t ik wit dat dit net folle doel hat – soms giet de trein spontaan de oare kant op en sitte jo gewoan kreas foaryn.
Spitichgenôch hâldt mei dizze fleur it positieve oan dit stikje ek wol op. Ik doop myn pinne no yn swarte inkt en wol jo in pear kwealike saken foarlizze.
Sa kin ik der net oer út wêrom de gemiddelde Nederlânske trein sa ferskriklik smoarch is. It is net allinnich it belachlik lytse jiske-amerke dat altyd propfol sit, mar ek de plakkerige flier en de troch kaugom, hierfet en kofjeflekken oantaaste beklaaiing. Ik sis bah: bah.
In oar dreech punt is de o sa maklik dûbeldekker. As ik jo fertel dat de gemiddelde lingte fan de Nederlânske boarger om de 1.80 hinne is; as ik jo ek fertel dat de gemiddelde lingte fan de oankommende flechtlingen plusminus 1.70 is; as ik jo ek noch fertel dat wy oankommende wike ús 17 miljoenste ynwenner ferwolkomme meie, in ynwenner dy’t nei alle geachten langer as 1.80 wurde sil om’t suvel lekker is en de kwaliteit fan de bettere griente hieltyd better wurdt, wêrom binne dy bankjes yn ’e dûbeldekker dan fierstente lyts? Mei myn 1.89 kin ik neat – de jas dy’t ik ophingje falt oer myn holle, de laptop dy’t ik útklappe wol past net op ’e tafeltsje en de rêchsek past net yn it bagaazjerek. Witte jo wat der trouwens yn dy rêchsek sit? In bôlebakje, in sinaasapel, in boek en in laptop. Fjouwer beskiedsjes dy’t ik net kwyt kin.
Ik typ dit yn ’e trein. Utrecht komt al tichterby. De broek plakt op ’e bank en myn skonken lizze opteard op dy fan in oar. Wy glimkje de hiele tiid aardich tsjin inoar, om’t wy miene dat in treinreis erges foar de goeie saak is, mar ûndertusken sjogge wy troch út rút de auto’s op ’e snelwei foarby riden. Ik moat trouwens ek noch werom.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *