Koart ferhaal Friesch Dagblad, 09-03-2016

De DGA

Hy hie de lêsbril ôfdien en it toutsje om it montuer rôle.
‘‘Sa,’’ sei er foldien, wêrnei er eefkes gappe en de earms útrekte boppe de holle. It wurk wie klear, tiid om de boel op te pakken. Hy dy de lampe út en ferhûge him op it autoritsje fan daliks.
Foar’t er dat dwaan soe, moast er noch wol mei syn kompagnon prate. It gie wol goed, mar sa goed gie it no ek wer net. De saken giene op en del. It leafst seach er himsels as de ‘V’ van ‘V&D’, wylst syn kompagnon dochs de ‘D’ wie. ‘V’ wie earst, dat joech dochs in better gefoel. ‘V’ wie dus net ‘verlies’, mar ‘Victorie’, wylst ‘D’ miskien wol stie foar… no ja, ‘Dombo’ dan mar.
Soe er it tsjin him sizze? Hy spile mei de lêsbril en seach de piip op it buro lizzen. Earst dy mar eefkes stopje.
Doe’t er mei de piip tusken de tosken foar it rút stie, koe er net oars as tajaan dat syn libben op dit momint spannend en drok wie. Saken hiene altyd foarrang hân, selfs op sneon moast er faak de hort op. Hy seach nei de auto, dy’t swijend yn de rein stie.
APK’s, fersekerings, nije bannen, it mocht wat. De auto naam safolle tiid yn beslach, hy soe wolle dat it oars koe. Miskien moast er mar in oaren ien hawwe – in moaie BMW of in grutte Mercedes-Benz.
Hy draaide him wer om en seach nei de tafel.
It buro. De telefoan. De stoul. De stress. Syn kompagnon moast it witte. Fan dy saken, dat se sa op en del giene. Fan alle kollommen mei sifers, stiene dy fan him it faakst yn it read. Mei in minsje derfoar. It wie tiid him oan te sprekken op syn gedrach. Hy rûn nei de doar, rûn fuort troch nei de oare doar en kloppe.
‘‘Bist dêr?’’ frege er mei lichte twang.
‘‘Ja…?’’ hearde er nei in skoftke.
Syn kompagnon siet achter it buro. It kompûterskerm stie fol mei grafiken en tabellen. De telefoan lei neist de mûs en it jaske hong op ’e draaistuol.
‘‘Direkteur! Wat is der?’’ frege syn kompagnon, wylst er him omdraaide. ‘‘Woest wat kwyt?’’
‘‘Ja.’’
‘‘Sis it mar.’’
‘‘It binne de sifers.’’
‘‘De sifers?’’
‘‘Ja. Wy hawwe min en plus. Ik betelje mei de bank, mar se wolle net hawwe dat wy read stean.’’
‘‘Dat begryp ik. De bank beslist. Wat wolst deroan dwaan?’’
Earste kuchte er eefkes. Doe kloppe er eefkes mei de piip op ’e skoech.
‘‘As wy neigean wêr’t wy wei komme en wêr’t wy no stean, dan tink ik dat ik in komplimint jaan mei.’’
‘‘Wolst dat nochris sizze?’’
‘‘As wy neigean wêr’t we stean en weikomme, dan jou ik in komplimint.’’
‘‘Aha. Oan wa?’’
‘‘Oan my.’’
‘‘Do joust dysels in komplimint?’’
‘‘Ja.’’
‘‘En ik dan? Ik ha dochs ek hiel hurd myn bêst dien?’’
‘‘Nee.’’
‘‘Nee?’’
‘‘Ja: nee.’’
‘‘Mar direkteur, hoe moat it dan oars?’’
‘‘Op tiid maile. Dan mail ik it wol troch.’’
‘‘Sadatsto der noch nei sjen kinst?’’
‘‘Ja.’’
‘‘No, as de direkteur dat seit, dan moat dat mar.’’
‘‘Ja.’’
‘‘Wol de direkteur dan ek eefkes sjen nei de KPI’s? Of wit de direkteur net wat dat binne?’’
‘‘Jawol.’’
‘‘Wat dan?’’
Hy seach nei syn kompagnon en joech gjin antwurd.
‘‘De Key Performance Indi…’’
Mar de kompagnon koe de sin net ôfmeitsje, om’t ynienen in stim rôp dat se ite moasten.
‘‘Wa is dat? De kantinejuf?’’ frege syn kompagnon fernuvere, wylst er in rûntsje draaide mei de burostuol. Hy lei de hannen op ’e knibbels, as stie er op it punt de saak te ferlitten.
‘‘Wat hast dêr trouwens yn ’e hân? Is dat de lêsbril fan pake?’’
‘‘Eh… ja.’’
‘‘En dy piip, is dy ek fan pake?’’
‘‘Ja.’’
‘‘Is it lekker?’’
‘‘It giet.’’
‘‘No, lit mem it mar net merke.’’
‘‘Mem merkt it net, want hy is net echt oan.
‘‘Oooo… gelokkich. Ik tocht dast al begûn wiest mei roken.’’
Hy die de kompûter út en kaam oerein.
‘‘Moarn ha wy trouwens in oandeelhâldersfergadering. Ik bring dy wol eefkes.’’
‘‘Mei ik dan foaryn?’’
‘‘Nee. In echte direkteur sit achteryn.’’
Hy krige in setsje yn ’e rêch en hearde syn kompagnon foar it treprinnen noch krekt sizzen dat er noch noait sa’n frjemde DGA hân hie. Dêrnei hearde er noch wat oer ‘direkteur-grootaandeelhouder’ of sa, mar fan ’e oare kant fûn er it iten ek wol lekker rûken.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *