Kollum Friesch Dagblad, 05-03-2016

Jierdei

Lêst hie ik myn jierdei. Ik wie net echt fan doel om der wat oan te dwaan. Nee hear. Ik tocht: ik sla it lekker oer, dat skeelt my in soad gedoch. Jo moatte ommers taarten keapje, toastjes mei kipkerry smarre, kofje en tee sûnder ein sette en de hiele dei aardich dwaan. Soks kostet jild en enerzjy. En wat krije jo der foar werom? In pear kadootsjes, persoanlike oandacht en de trochgeande befêstiging datst al in hiele knul bist, dy’t ek noch ferrekte aardich is. Leuk fansels, mar wat smyt dat no op?
Ofwask, in smoarch hûs, emoasjes. Ik tocht: nee. It moast in gewoane tiisdei wurde.
En dat waard it dus ek. En siet ik dêrmei?
Nee hear, hiel-en-dal net. Foar tolven wie ik noch net belle, sa’t ik dus ferwachte hie. Om ien oere hinne stiene de earste facebook-felisitaasjes op myn akkount, mar dat kleure myn dei fuort net. Sa fan: joechhei, feest! Joepie de poepie! Nee hear.
Om 13:42 waard ik belle troch in kammeraat. ,,Ik woe dy dochs eefkes lokwinskje,’’ begûn er.
Ik skrok, want hy woe my dochs eefkes felisitearje. Mar ik hold my sterk. Hy mocht net tinke dat ik desperaat wie, sa fan: hy docht sá syn bêst om it te ûntkennen, mar ûndertusken hat er de telefoan strak yn ’e hân en stiet de kompûter permanint oan.
,,No, lokwinske’’, ferfolge er. ,,Ik haw in kadomop foar dy. It sjongt en it puzzelet?’’
,,Eh… gjin idee.’’
,,Neil Sedoku.’’
,,Leuk. Bedankt.’’
,,Hoi.’’
,,Hoi.’’
Om 17:28 waard ik foar de twadde kear belle. ,,Lokwinske!’’, sei in oare freon.
Ien wurd, mear net. Dêrnei sei er:
,,Ik haw in kadoriedsel foar dy.’’
,,Kom mar op.’’
,,Spetter pieter pater / Lekker in het water / Ga maar vast naar huis / Hij komt een druppel …
,,No?’’
,,Eh… later?’’
,,Goed! No, hoi.’’
,,Eh… hoi.’’
Om 21:45 waard ik op ‘e nij belle.
,,Ik bin de kadostim’’, sei in stimme.
,,O.’’
,,Lokwinske.’’
,,Tank.’’
,,Hoi.’’
,,Hoi.’’
Dêrnei wie it tiid om nei bêd te gean.
Oait wie de jierdei de wichtichste dei fan it jier. It kaam jin oanwaaien, de hiele naasje wist derfan. Op skoalle, op ‘e iisbaan, thús. No moast ik it dwaan mei in pear telefoantsjes en in rige facebookfelisitaasjes. Ik stel no net dat dit in skeamele rispinge is, mar fan ‘e oare kant is it soms krekt of wurde jo ferjitten. Ik bedoel, ik hoech it dochs net mei tromgeroffel oan te kundigjen? Minsken witte it dochs? Ik bin ommers Jaap!
Mar it is net slim.
Nee hear.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *