Kollum Friesch Dagblad, 20-02-2016

Darmstadt

It wie wer sa’n moaie sneonteneimiddei. De hiele middei rûn ik hantsjewriuwend troch de stêd. Om fiif oer seizen begûn nammentlik Der Sportschau op de ARD, al jierrenlang myn favorite programma. Ik kin net faak genôch sizze (ik haw it hjir alris earder sein) hoe moai fuotbal is as it út de klauwen bliuwt fan de ophitsende en ratteljende fermeitsyndustry.
Ik rûn ek ekstra hantsjewriuwend troch de strjitten omdat SV Darmstadt 98 spylje moast, in klub dy’t nei tritich jier wer warber is yn ‘e Bundesliga.
Sûnt 2015 bin ik fan. Ik jou ta, dat is net lang. It is earder hiel koart. Oan ’e oare kant: it wie leafde op it earste gesicht, dus dat telt ekstra. Der spylje emoasjes en gefoelens mei, it giet om it hert en de folsleine oerjefte.
It stadion fan Darmstadt hjit Am Böllenfalltor. No freegje ik jo: is der in moaiere namme? It hat ek alle skaaimerken fan it echte stadion. Ik jou se eefkes:
– betonnen tribunes mei net-ûnderbrutsen sicht-linen (sis mar wide hoek- en siichgatten);
– ferskate stadionfakken, it gefolch fan renovaasjes c.q. yngrepen dy’t de tiid al gau net oerlibben;
– in net-asfaltearre sintelbaan, dy’t troch de skoarende spits brûkt wurdt om nei de fans te draven en ‘joepy’ te roppen;
– absurd hege ljochtpeallen;
– it 75/25-prinsipe (75% net-oerdutsen, 25% oerdutsen);
– it 75/25-prinsipe (75% stean, 25% sitte);
– in min fjild;
– kaartsjes foar ûnder de tweintich euro;
– in snackauto foar de reklameboerden.
Darmstadt moast tsjin Leverkusen. De spits makke al gau de 1-0, wêrnei’t ik begûn te gûlen fan bliidskip. Ik sloech mei de hannen yn ‘e loft en song út folle boarst it klubliet. It giet sa:

Ich sah zwei Bären
Brötchen smären
Ach, dass wa ein Wünder
Es wa ein Wünder oben Wünder
Das die Bären smären künden
Hi, hi, hi, ha, ha, ha – t…

Darmstadt! Darmstadt! Darmstadt!

Dit is net it echte klubliet, mar in troch in leafhawwer betochte aubade. Neam it in skreau om autentisiteit.
Leverkusen kaam trouwens werom en wûn mei 1-2. It wie in knappe en moaie oerwinning, want it reinde der ek by. Ja, ik gun Darmstadt soms syn ferlies, want it is moai om de spilers ferswakt en fertize fuortsukkeljen te sjen. It fjild is stikken, de drek swijt. Elkenien hat de smoar deryn, achter de ljochtmêsten skimeret it.
Miskien moat ik mar ris nei myn favorite fuotbalklub ta en de hiele middei yn ‘e rein stean. Ik moat lykwols opsjitte.Takommend jier wurdt dizze monumintale betonkolos yngripend ferboud. Foar 27 miljoen euro.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *