Kollum Friesch Dagblad, 06-02-2016

Nee sizze

Ferline moanne ha ik mei in maat in wykje nei Eastenriik west. Us doel wy yn in om Wenen hinne safolle mooglik wyn te keapjen by safolle mooglik wynboeren. Foar de krystdagen, sis ik derby. No is wyn lekker guod, dat mei soarch ynkocht wurde moat, wat fansels ek de ynset fan de ekskurzje wie – dy soarch dus.
Miskien ha jo it ek wol dien op jo fakânsjes yn Súd-Europa. Jo ride it hiem op, stappe de auto út en rinne ûnwennich nei ien of oare doar ta. De boer hat jo fansels fuort yn ’e smizen, freget foar foarm noch wêr’t jo foar komme en iepent mei frisse tsjinsin de bodega.
Dêr stie ik dus, mei in katalogus ûnder de earm en de sinnebril op de kop. Tusken ús: ik wit hielendal neat fan wyn. Merlot liket my altyd wol lekker ta, de ABC (‘anything but Chardonnay) is my bekend. Fierders wit ik de betsjutting fan it wurd ‘tannine’ net en mjit ik de kwaliteit fan de ynhâld ôf oan de djipte fan de holte ûnder de flesse.
It priuwen ûnder tasicht is in nuver ritueel. It draait fansels om de ienfâldige fraach oft it lekker is of net, mar dy fraach is krekt hiel kompleks. Hjir komt ek noch it psychologyske spel mei de wynboer by, want meastal nimme jo in pear fleskes ôf om teloarstelling te foarkommen en it skuldgefoel ôf te keapjen.
Dochs krige ik der al gau aardichheid yn om myn miening oer it beane te jaan, dan wol ta útdrukking te bringen. It hiele ritueel draait eins ek om dy beslissing – net om it meilibjende ‘ja’, mar om it ôfpriizjende ‘nee’. Ik nipte dus hieltyd selsbewuster, liet it stadich ferdwine en bepaalde in stânpunt. Ik leaude ek yn myn stânpunt (‘as in wiete bjirkebeam’, ‘krekt sa stoffich as strie’, ‘in sloppe amer reinwetter’) en wie der net fanôf te bringen. Faak krige ik de flesse noch en taaste ik eefkes yn de holte om myn gelyk te yllustrearjen.
Ik learde dus einlik ris nee-sizzen en hie dêrmei in libbenskwaal oerwûn. Tsjin de fytsemakker dy’t my foarige wike in nij stjoer oansmarre woe, sei ik ‘nee’. Doe’t myn húshâldster in kear frij woe, skodholle ik. Op de fraach fan de cd-ferkeaper of ik Bruckner dan net moai fûn, antwurde ik ‘nee’, folge troch ‘fuck Bruckner’. Ik learde trouwens gjin nee-sizzen tsjin de ferlieding noch in fleske te iepenjen, want alles is alwer op.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *