Kollum Friesch Dagblad, 16-01-2016

David Bowie

Ik wie eins noait in grutte fan fan David Bowie. Ik haw der wol in skoftke ‘yn’ west, mar dat gie net fierder as in sammelplaat út 1985, mei grutte hits – in plaat trouwens sûnder iennich wurk fan syn bêste platen (lykas Oh you pretty things en Life on Mars?), dus ek wer net in plaat dy’t hingjen bleau.

Fan Bowie wurdt steefêst sein dat it in kameleon wie dy’t him yn ferskate rollen presintearje koe – Major Tom, Aladdin Sane, The Thin White Duke. Miskien wie ik wol noait in grutte fan fan him om’t ik net sa fan de kameleon bin. Rock ‘n’ roll mei personaazjes, dat bekt net sa goed. Ik wol twa gitaren, in bas en drum en as it heal kin in flesse Jack Daniels en in pakje krekt iepene sigaretten op de fersterkers. On en – foaral – off stage lekker dwaan wat erges oars net mei, dat is de essinsje fan rock ‘n’ roll.

Dêr komt by dat ik Bowie bewust kennen learde doe’t er syn megahit ‘Let’s Dance’ skoarde. Echte eighties-musyk fansels: opblaasd, net kreatyf en fol mei goedkeape effekten út de syntersizer. Lês yn ‘kreatyf’ trouwens ek ‘humoristysk’, ‘urgint’ of ‘ferfrjemdzjend’. Want dat wie Bowie. Doe’t ik Space Oddity foar it earst hearde, wie ik echt fan ’t hynder. In man dy’t allinnich yn ‘e romte sweeft en net mear weromkomt, dat die my wat.

Ik bin dan ek jaloersk op minsken dy’t mei echte popstjerren opgroeid binne – The Beatles, The Stones, Nirvana of David Bowie. Ik moast it dwaan mei Mel & Kim, Rick Astley, Spandeau Ballet en Gerard Joling. No moatte jo net laitsje, it is djip tryst. As jo jong binne, hawwe jo identifikaasjefigueren nedich en net sa’n bytsje ek.

Ik sil it jo noch slimmer fertelle. De measte Bowie-fans dy’t ik ken, binne mar ien of twa jier âlder as ik bin. Krekt doe’t de hormoanen eksplodearren en se op syk wiene, hearde se Ashes to Ashes, funk to funky / We know Major Tom’s a junkie / Strung out in heaven’s high / Hitting an all-time low.
Om dy tiid hinne siet ik op de legere skoalle en oefene ik foar de jierlikse musical Koeken voor de koning. Ik song dit: Koeken voor de koning, koeken voor de vorst / Met suiker en kandij en met een hele bruine korst / Koeken voor de koning, eet ze met plezier / De bakker die ze bakt die is de hofleverancier.

Miskien begripe jo no dat ik troch omstannichheden net safolle mei Bowie ha.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *