Kollum Friesch Dagblad, 09-01-2016

Johannes Brahms

Begjin novimber wie ik op it Zentralfriedhof yn Wenen om dêr in foto te nimmen fan it grêf fan Johannes Brahms. Ik meitsje faker foto’s fan komponistegrêven. Dat wol sizze: fan myn favorite. Sa haw ik yn Bonn west (Schumann), yn Feneetsje (Stravinsky) en by Helsinki (Sibelius).
Brahms leit, no ja stiet, yn in perkje by Schubert, Beethoven, Wolf en Strauss senior. By dizze mannen stiet ek noch in betinkstien foar Mozart, want syn grêf is ûnbekind.
No wie ik yn Wenen gjin toerist. Fansels net. Ik bin allinnich mar in fan. Wol in oere haw ik der west te fotosjitten en hieltyd waard myn sessy ûnderbrutsen troch dy yn myn eagen minderweardige toeristen. Japanners, Amerikanen, Dútsers, Nederlanners, se makken in selfy foar Beethoven of Mozart en ferdwûnen wer.
Ik hie der trouwens moai waar by. Echt Brahmswaar: al wat kâlder en mei in ferrassende ûndergong fan de hjerstsinne.
Miskien wolle jo fan my witte wêrom’t ik sa’n leafhawwer fan Brahms bin. Dat wol ik wol útlizze, mar dat doch ik net. Ik ferwiis allinnich mar nei syn muzyk en sis: set it mar ris op – en nim de tiid.
Wat ik wol mei jo diele wol is myn ferbûnens mei Brahms. As ien oan him komt, komt er oan my. Dat is frjemd, want ik ken net iens alle muzyk fan him. Boppedat wie er nei alle gedachten ek net fuort in aardige man. Miskien wie it wol in hiele nare man, want syn synisme wie romroft.
Miskien hat myn adoraasje te krijen mei it feit dat ik Brahms as in ienling beskôgje – in ienling yn Wenen (hy kaam út Hamburg), in ienling yn ‘e leafde, in ienling yn syn dwaan en litten.
Ik werken mysels dêr eins wol in bytsje yn. Der binne in soad dingen dy’t ik net kin, mar ik kin ien ding hiel goed: allinnich wêze. Better sein: op mysels wêze. Myn wurk dwaan, myn hûs ûnderhâlde, myn stikjes meitsje; ik kin it oeren, dagen, wiken, moannen. Ek al haw ik in freondinne, ik haw no ienris in sterke foarkar foar it soloskip. As ik dus útlizze moat wat my sa fassinearret oan Brahms, dan is it dat syn klanklûd foar my in soad fan lyts gelok betsjut. Ik hie de gong nei de Zentralfriedhofdan ek noait mei in oar dwaan wold. Johannes Brahms is fan my en fan gjin ien oar. Wy kenne inoar – tink ik.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *