Column Friesch Dagblad, 06-05-2019

Freonen

Ik hie in petearke mei twa froulju, dy’t inoar kennen leard hiene as buorfamkes en no al mear as 70 jier freondinnen wiene. Mear as 70 jier, dêrfan kin ik allinnich mar sizze: wat in prestaazje. Se wiene fansels gjin buorfamkes mear en wennen oeral yn it lân, mar dat sa’n freonskip sawat alle stadia fan it libben oerlibbet is in moai ferhaal.

Ik begûn dan ek fuort oan ynfulkunde te dwaan. Dit wiene miskien twa perfekt op inoar oanslútende karakters, sadat de jierren fuld wiene mei goeie petearen, moaie fakânsjes en noflike útstapkes. Sa besjoen dus twa perfekte libbens – in gedachte dy’t je graach hawwe, mar fierder absurd is.

Ik moast fansels ek tinke oan de freontsjes dy’t ik hie op mannich skoalle fersliten ha. Dat wie in hiele trits. Wie ik yn de earste trije klassen fan de legere skoalle altyd by Bouwe, dêrnei kamen ûnder oaren Hayo, Niek, Roelof, Dirk, Atze en Ugo. Sa hobbele dat fierder nei de seisde klasse, wêrnei ik op de middelbiere skoalle mei Hans, Hilko, Harm en Henk gie – en Ugo. Dêrnei bedarre ik yn Grins, dêr’t ik in palet oan freonen opbouwde. Dat palet feroare geregeld, al is der in soart fan fêste yndieling dy’t al jierren stân hâldt.

Bin ik dus in wibelige fladderaar en lei it oan my? It soe kinne. Ik bin wol in bytsje in solist, ien dy’t him thús fielt op de eigen bank en graach de hiele middei keihurd nei Brahms lústert of ellenlange solo-etappes op de racefyts makket. Ik kin my ek fiks yirritearje oan guon, freonen of net. Guon fertelle bygelyks tsien à tolve kear itselde ferhaal, mei deselde klû, yn deselde wurden en sinnen. Oaren ferkundigje mienings dy’t ik net diel. Ik dielde dy miening earder faak wol, mar troch de stellichheid fan de ferkundiger bin ik ta in oare konklúzje kommen en ha ik der ferlet fan de persoan tsjin te sprekken. Soks kin mei my ek op de rin gean. Ik wol dan stiekem dat de persoan krekt dat seit wat ik net hearre wol, sadat ik alle rjocht ha my stevich en sûnder komplikaasjes te yrritearjen.

Faak ha ik dan ek it gefoel dat it ûnderhâlde fan freonskippen dreger is as earder. Minsken lûke harren werom, ferlieze spontaniteit, wurde sinniger, kribbiger, ienkenniger, tink ik. It is net wier, want in earlike dûk yn jo eigen libben leart hoe komplisearre bernefreonskippen wiene. Boppedat: Ugo en ik wiene dan wol gjin buorjonkjes, wy kinne inoar al 45 jier. Ferskillend as wy binne, ha ik der alle fertrouwen yn dat wie de santich oantikke.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *