Column Friesch Dagblad, 02-03-2019

Fûgelhokje

Twa jier ferlyn ha ik in fûgelhokje oan myn hûs spikere. Om de kat fan de buorlju op ôfstân te hâlden moast ik it bouwurk goed fersekerje, dus mei ekstra hout foar de yngong en in pear útrinners fan de stikelige roazestrúken op it dak. It hokje wie sa mear in fort, mar dêr merkt sa’n jong en roppich fûgelpearke neat fan.

Ferline jier hiene we byt. Earst wie it in kommen en gean fan twa blaukopkes (pimpelmeesjes), dêrnei begûn it hokje stadichoan wat te kwetterjen. Dat wie in moai lûd: fris grappich as it hearde, wie it de perfekte wekker. Us túntsje wie trouwens te lyts foar sammelsucht fan heit en mem, sadat it kwetterjen hieltyd lûder waard  en de kat fan de buorlju oanslútend de saak faker ynspektearre.

Om’t ik it achter it rút allegear siet te besjen, foel my op hoe nuver sangfûgeltsjes bewege. Krekt in animaasjefilm dy’t noch net montearre is. Soks hat fansels alles de krijen mei kreaturen as katten fan buorlju, dy’t altyd wol kâns sjogge in oar it libben sûr te meitsjen.

En fierder is de natuer wreed. Op in dei wie it nammentlik stil yn it hokje. It steltsje koe gjin iten genôch fine, it nêst wie achterlitten. De útrinners fan de roazestrúk hongen der wat ferlern by en foar de wissichheid gie de kat nochris op ynspeksje út. Doe’t ik it dak letter dat jier omheech lifte – soks freget tiid en moed – seach ik wat tûkjes, stikjes tou en plestik en in pear fearkes lizzen. It jongfolk wie gewoan fergien, heit en mem hiene erges fierderop allang in nij nêst bouwd.

Juster siet ik kofje te drinken doe’t der ynienen in swartkopke (koolmees) as in razende foar it hokje fladdere. Ik attendearre myn freondinne derop, dêrnei seachen we swijend troch it rút. It fûgeltsje hipte hinne en wer tusken it dakje en de finsterbank, as koe it net kieze. Sa sêft mooglik sei ik: ‘Toe mar jonkje, gean der mar gau yn…’, mar myn freondinne lei de finger op de lippen en sei ‘Ssss…’

Sa sieten wy in skoftke yn grutte spanning nei bûten te sjen. Ik hold it net mear en sei: ‘Sa’n moai plakje, toe jong!’ wêrnei myn freondinne mei in lûde ‘Kssst!’ de oanslûpende kat fuort joech. Dêrnei rôp ik: ‘Doch it!’, folge troch myn freondinne har lûde ‘Yn dyn hok!’. Ja, we woene him wol nei binnen raze, mar it swartkopke fleach dochs mar fuort.

De natuer is ek wreed foar de mins, foaral as er him neat oanlûkt fan wat dy wol. No is it noch mar begjin maart, dus alle tiid, mar wreed bliuwt it.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *