Column Friesch Dagbald, 16-03-2019

Drop

Myn freondinne en ik ha it goed en dogge it goed. Wy skiede trou ús jiske, tinke faak mei soarch oan de natuer en stimme by alle ferkiezings. Twa wike lyn ha wy noch nei de Fiets- en Wandelbeurs west yn Utrecht, dêr’t wy fansels hinne giene mei de trein.

Dochs is der ien ding dat ús wolris soarch jouwt: ús leafde foar drop. Faak stiet der in pûdsje op in oanrjocht, dat nei de keap al iepene is foardat we thús binne. Sis mar foardat we op de fyts sitte. No ja, foardat we de winkel út rinne. Om presiis te wêzen: rom foar it ôfrekkenjen.

Doe’t wy twa wike ferlyn ús tas fuld hiene mei kofje en wite kadetsjes om nei de Fiets- en Wandelbeurs te gean, stiene wy dus earnstich yn bestân om op it stasjon in pûdsje ‘gemengde drop’ te keapjen, dus fan alles wat – sâlt, laurier, huning, boerderij, munt, neam mar op. Ik fielde myn tosken al wetterjen en woe fuort nei de AH to go rinne, doe’t myn freondinne sei dat it better wie fan net. Wy soene ús wite kadetsjes stean litte, de kofje soe kâld wurde en ús magen soene harren nei in oere omdraaie fan mislikheid, allinnich mar foar dy muzehapkes swiethout. Bah!

Gelyk hie se. Mar ja. Nei’t wy ús mei krante en brochje ynstallearren hiene yn de trein, begûn gedachte dat we oars miskien in pûdsje ha kind hiene twangmjittich te wurden – foaral nei Amersfoort. Doe’t wy yn Utrecht nei in soad wifelings (Etos, Kruidvat) de Jaarbeurs berikten, waard dat pûdsje in obsesje. By de Eastenrykse stand fregen wy dus: ‘Gibt es auch dröp yn Östenreich, wie z.B. Munzdröp?’ By de Frânsen: ‘Il y a a France droip a la ferme’? By de Italianen: ‘C’è droppi di auto a Italia?’ By de Poalen: ‘Dropki Koronki a Polski?’ (fiterdrop). By de Griken: ‘Droppos Miauwos?’ Elkenien skuodde fansels fernuvere nee en joech ús in flyer oer moaie streken, dy’t wy hastich opburchen ús spesjaal dêrfoar krigen fiets- en wandelbeurstaske.

En doe wie it ek foarby. By de stand fan de Vogezen tocht ik: wêr binne wy no mei dwaande? Dit moat ophâlde. Ik krige nocht oan fytse en kuierje yn de natuer, in hiele simmer lang.

Feromme rûnen wy wer nei it stasjon, dêr’t ik yn de AH to go twa bananen kocht. Mar doe’t wy wer yn de trein sieten en ús flyers ien foar ien beseagen, hearde ik ynienen achter my: ‘Goedemiddag, railcatering!’ Dêrnei kaam der in grutte koer mei kofje, koeke en frisdrank foarby. Oan de râne hongen allegear swarte pûdsjes. Ik luts fuort de beurs en sei: ‘doe mij er maar drie’.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *