Column Friesch Dagblad, 16-02-2019

Louis van Gaal

We wiene wat te autoriden. Al toerend lústeren we nei Balsturig, de nije cd fan Meindert Talma. Alwer sa’n moaie samling ferskes en alwer sa’n plaat dy’t it goed docht yn de auto – net te hurd, net te sweverich, net te ûnbegryplik en ek net te clean. Balsturig giet oer opfallende fuotballers en fuotbaltrainers, mannen dy’t troch harren koppichheid alles wûnen of krekt grutte ferliezers wiene.

Wierskynlik is eltse proffuotballer in eigenwize drol, mar je ha dêr ek soarten yn. Abe Lenstra bygelyks koe tonnen fertsjinje yn Itaalje en Frankriik, dochs bleau er leaver semi-amateur by Heerenveen en Enschedese Boys. Unbegryplik as it is, is it fierders wol te begripen. Lenstra is de jierrren fjirtich en fyftich, doe’t Nederlân lyts en earm wie en de opboukultuer soks ôfriede. Trouwens: as ik as tefreden fuotballer hûs en hurd ferlitte koe om foar miljoenen iensum yn Sina of Amerika te spyljen, soe ik ek freonlik bedanke.

Fritz Korbach is in oar ferhaal. In coach fan de atributen: in sinnebril, in sigaar en net al te subtile humor. Nooit ontkwam ik aan de roep van de papagaaiensoep, sjongt Meindert. Korbach jojode altyd hinne en wer tusken de ere- en eerst divisie, in metafoar foar syn stoarmachtige libben.

Ik ha my wol ôffrege hoe’t Korbach him yn dit sirkwy steande hold. In fuotbalcoach is noait allinnich, want der binne yn in gemiddelde wedstriid noch 20.000 à 30.000 oare coaches om him hinne, mar tagelyk is in fuotbalcoach wol hiel allinnich. By einbeslút komt it allegear op him oan, hoe ferlitten er him soms ek fielt. As ik in balende trainer iensum oan in bidonsje lurkjen sjoch, tink ik faak oan myn repertearjende eangstdreamen oer skoalle-eksamens dy’t ik opnij dwaan moat of dat ik te let kom by in begraffenis.

Moaiste ferske fan de plaat is Louis van Gaal, de súksestrainer van ûnder oaren Ajax en Bayern München. Van Gaal is de coach der coaches, soene jo sizze kinne. As er lilk is, ferheft er syn boarst as in grutske hoanne en slacht er mei de fingers op tafel. Hy is dan hiel allinnich en tinkt dat gjin ien him begrypt: Eigenlijk huil ik bijna elke dag. Altijd is er iets dat mij wel raakt, sjongt Meindert. Dêrnei: Als ik God zou zijn, zou ik alles winnen. Maar ik ben God niet. Ik ben Louis van Gaal.

Ik ha in swak foar van Gaal. Hy is it type leraar fan de middelbiere skoalle dêr’t je in bytsje bang foar wiene, mar dy’t je wol fierder holp. Net in man foar de eigenwize donders, wol foar de ivige ploeteraars. Nee, hy is God net, mar hy hat wol in hert fan goud.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *