Column Friesch Dagblad, 8-12-2018

Driging

Der binne fan dy mominten dy’t de saak op ’e kop sette. Net om de feiten, mar om de skokkende gefolchen. Sa wit ik noch goed dat ik as broekje op de sneinsskoalle siet en de juf ús fertelde dat der moarn in beslissing wurde nommen soe of der yn Nederlân krúsraketten komme soene of net. Se fertelde der ek by dat sokke raketten nukleêre lading hiene en dat we dan dus oer kernwapens beskikten. Fraach wie dus of it ferstannich wie dat wy dy wapens hiene, want as de ien begûn mei sjitten soe de oare ek begjinne. Wat wy dêr no fan fûnen? Ien foar ien graach.

No wist ik wol dat der kernwapens bestiene, mar sokke driging nimme je allinnich serieus as der gesach is – in juf, in âlder, in ekstra útstjoering fan it Journaal. De nukleêre driging soe dus ‘echt’ wurde en oan de fêste toan fan juf te hearren wie der gjin wei mear werom. Fansels hie ik hielendal gjin antwurd op har fraach, want safolle driging gie my as broekje boppe de pet.

De twadde kear dat ik serieus gefaar fielde wie doe’t yn 1986 de kernreaktor fan Tsjernobyl yn ’e hens fleach en der in grutte radioactive wolk fanút it easten nei ús driuwen kaam om yn reinbuien op ús del te plenzen. It nijs kaam flak foar keninginnedei, wêrmei it feest fansels fuort bedoarn wie. Fan VROM-minister Winsemius moast alle spinaazje ferdelge wurde, wat spitich wie, want spinaazje is lekker. Elkenien om my hinne hie it der dus oer, wat hieltyd ‘echter’ makke en myn rats-gefoel fergrutte. Noch slimmer wie lykwols dat Ruslân en Oekraïne de ûntploffing geheim holden en de gifwolk by tafal ûndekt waard troch Sweden. It gesach faalde hjir dus, wêrtroch it feitliks noch alarmearjender waard en it net echter koe.

De tredde kear dat ik my djipgeande soargen makke is no. Yn de oanrin nei de klimaattop fan Katowice, dy’t oant 14 desimber rint, binne de kranten en ynternet net echt hoopjouwend. ‘Het VN-klimaatbureau waarschuwt nog één keer’ kopte Trouw al op 8 oktober. Elk land zijn eigen smoes, skreau NRC op 2 desimber. It gesach is sa hopeleas ferdield, dat it net iens fale kin. It is der gewoan net, wat miskien wol it alderslimste is. Wie by al dy eardere mominten de driging altyd grutter as de katastrofe, mei de talleaze foarseine doomscenario’s op komst is it no oarsom.

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *