Column Friesch Dagblad, 5-01-2019

Ctenolepasta longicauchoca

Begjin ferline jier wiisde myn freondinne my derop dat ik aardich wat spoaren neilit by it iten. Sok nijs is foar my net konfrontearjend, ik doch it al myn hiele libben. As bern lei der altyd in grutte ‘U’ om myn itenspanne, dy’t it hagelwite tafelkleed mei de dei mear besmodske – om jo tsjin te sizzen, sis mar. Fan snein oant en mei tongersdei leine der jirpels, griente en fleis omhinne, op freed makaroni en op sneon fan alles in bytsje.
Hjoeddedei is foaral de chocapasta gefaarlik. Sa sit der seker yn de helte fan myn boeken wol in brune streek, faak oan de ûnderkant om’t ik dêr mei myn troch pasta besmoarge finger de side omslach. Soms besykje ik de pasta fluch fuort te moffeljen, wat fansels noait it winske effekt opsmyt. De streek wurdt meastal in kerrelich plak, dat dan wer útrint op de papieren sydkant fan it boek. By in soad minsken krûpt it romrofte papierfiskje oftewol boekefiskje tusken de siden troch (yn geef Latyn de Ctenolepisma longicaudata). No, ik haw it sûkelarjepastafiskje dertusken sitten, ek wol de Ctenolepasta longicauchoca neamd.
In oar fêst spoar is it wite dopke fan it pakje sûpe, dat ik alle dagen by de bôle opdrink. As ik dêrnei fuort gean lit ik de boel stean, sadat der dus altyd in itenspantsje mei bôlekrommen, in leech pakje sûpe en in wyt dopke op tafel te finen is. Tusken ús sein: ik yt middeis altyd allinnich en ferjit dan foar it gemak ôf te romjen.
Begjin ferline jier sei myn freondinne dus ek tsjin my dat dy dopkes ek wol fuort yn de jiske-amer koene, lykas it lege pak. Fansels knikte ik fan ‘ja’, mar sokke meidielings gean steefêst it iene ear yn en it oare wer út. Ik wie der ek wis fan dat se net fierder gean soe mei drigen, sa fan: ‘dy dopkes derút of ik derút’.
Mar frjemdernôch binne sûnt dat petear de dopkes ferdwûn. Doe’t ik bygelyks ôfrûne simmer de keamer himmele bin ik der net ien tsjinkommen, wylst der meastal wol in pear ûnder de kast of bank lizze – soms al jierren.
Ik wie grutsk op myn ûngemurken gedrachsferoaring en fielde my in held. Mar ôfrûne jierwiksel krige ik klokslach tolve oere fan myn freondinne in grut kado. Yn it papier siet in boerd mei in tekst fan allegear wite dopkes. Ik lies: ‘MIJN VOORNEMEN VOOR 2019: ROMMEL OPRUIMEN’. Jo begripe miskien dat allinnich al de ‘M’ in lytse fyftjin dopkes foarme. Sa seach ik nei wol in jiergong sûpespoaren. Ik fûn dit begjin fan it nije jier aardich konfrontearjend, gie dus foar myn freondinne stean en rôp ûnder it pylkjesjitten: DERÚT!

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *