Column Friesch Dagblad, 22-12-2018

Utslaggen

Ik bin net sa’n krystfierder. Alle jierren wurde de ferwachtings troch de media, de kommersje en mysels wer fierstente heech lein en elk jier tink ik dan nei it neigesetsje: dit wie it dus? Ik haw dan altyd it fêste foarnimmen der takommend jier noch minder oan te dwaan. As jo sa stadichoan fan jong-jong-middelber nei jong-middel-middelber groeie, giet de magy fan de feestdagen der gewoan ôf.

Dêr komt in serieuze kwestje by. Doe’t ik bern wie, hearde ik faak fan dy ûngerêste en sêfte stimmen boppe my, dy’t it oer dy-en-dy hiene. Och, och, och, it wie sa hurd gien, se koene eins neat mear dwaan en hoe’t it no fierder moast? Of dy-en-dy? Hy wie noch hastich operearre, mar it wie de fraach oft it wer goed kaam; ach, ach, ach, hy hie al sa faak dit-en-dat hân, en no wer, bah. Guon fan dy slim siken wiene wol fyftich of sechtich jier âld, wat ik sûnder muoite lykskeakele mei tachtich jier of âlder. No en? tocht ik dan. Tis kryst!

Mar ja, ik haw no deselde petearen oer dy-en-dy, omdat it tal siken om my hinne hieltyd grutter wurdt. De toan is meastal flak, mar de ynhâld serieus. Ofrûne moanne wachte ik op trije útslaggen fan persoanen dy’t allegear de freesde sykte K. hiene. De earste útslach kaam flak nei Sinteklaas. De sykte wie krekt in jier earder fêststeld, de tolve moannen hiene yntinsyf west. Stil ljochte de app op.

Noch in sintimeterke.

Allegear hertsjes, tomkes en tútsjes fansels. Ik bin noait in grutte apper west, mar foar slimme saken as in útslach is it in fantastysk medium.

De twadde útslach gie oer in jierlikse scan, dy’t nedich wie nei in operaasje fanwege de kwaal. Der wie net fuort panyk, mar jo wisten it mar noait mei K. Ik siet derby en seach nei in mefrou yn in wite jas, dy’t hiel profesjoneel de útslach bespruts.

Gjin reden ta soarch.

Moai fansels, ek troch de meidieling dat de folgende scan pas oer in jier plakfine soe. Ik gie wer nei hûs yn de wittenskip dat der noch ien útslach komme moast. It gie hjir om in seldsume foarm fan K., dy’t net maklik te behanneljen wie. Feitliks wie it derop of derûnder. Ik siet achter myn buro doe’t de app opljochte en de útslach kaam.

Alles fuort.

Ik wist net fuort wat ik dwaan moast, mar tocht wol oan grutte krystbeammen keapje of it balkon behingje mei LED-slingers. Fansels doch ik dat net, want dêrmei komme de ferwachtings fierstente heech te lizzen. Mar dat se soms oertroffen wurde, is fansels in krystfeest wurdich.

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *