Column Friesch Dagblad, 24-11-2018

Leuk

Ik moat bekenne dat ik mar wat faak op Youtube sit te surfen, soms fan healwei de middei oant jûns let. No kin ik folhâlde dat it my giet om de nostalgy, lykas it beharkjen fan hits út de eighties of it sjen nei legendaryske fuotbalwedstriden, mar it feit dat Youtube fol sit mei skandalen en nuvere fratsen fan allerhanne lju hat in grutte, grutte oanlûkingskrêft op my. Soks fyn ik ‘leuk’, ik haw der gjin oar wurd foar.

Sa bin ik in leafhawwer fan items as ‘Co-Stars Who Hated Each Other In Real Life’ of ‘Top 10 Hated Musical Artists – Part 1’ (Part 2 trouwens ek), lykas ik ek fan bin fan razende koppen as ‘10 players Who RUINED The Dressing Room!’ Meastal duorje dat soart items sa’n tsien minuten en fertelt in opteine stim de gleonste ynformaasje oer dy-en-dy, oanfolle mei allessizzende foto’s of filmkes.

Myn lêste ûntdekking is ‘the real housewifes’, in Amerikaanse realitysoap oer rike froulju, dy’t klean passe, yn in limo sitte mei in karafke wite wyn of yn in ryk dekorearre keamer drok sitte te kletsen. Kompilaasjes fan dizze sery, mei knetterjende rúzjes en brekkende glêzen, bine my fêst achter it skerm.

Ik soe net fuort sizze kinne wat der no krekt sa fassinearjend is, útsein it feit dat skandalen of smeudige feitsjes moai binne en de fantasij kietelje. Je soene folhâlde kinne dat it derom giet dat der myten ûntrafele wurde, mar earder is it sa dat it ferhaal oer dy-en-dy krekt fierder ferteld wurde moat. Ik ha belang by soppige ferhalen oer akteurs, popidoalen, sporters en realitystjerren, om’t ik in saai en rigelmjittich libben ha dêr’t fan alles yn spilet, mar fierders net safolle yn bart. It stelt my gerêst dat ik my spegelje kin oan oaren en besef dat it allegear folle slimmer en, foaral, dommer kin.

Dêrom is it ek ‘leuk’. Hoe slim, ekstreem of nuver sokke filmkes soms ek binne, by einbeslút giet it nerges oer – in akteur of fuotballer giet gewoan wer nei hûs en in realitysoap is in ferhaal dat foar de sjogger manipulearre is. No wol ik hielendal net witte dat it nerges oer giet, oars ha ik gjin nocht mear om te sjen. It idee dat alles by einbeslút miskien wol in lege huls is, makket myn libben stjoerleas. Ik krij dan it gefoel dat ik echt hiel dom bin en dat ik myn tiid achter it skerm sit te fergrimen.

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *