Column Friesch Dagblad, 27-10-2018

Smartphone

Ik wie by in konsert út it klassike repertoire en siet yn in wat stive stoul. Neist my wie in man mei syn smartphone oan it boartsjen. It wie in al wat âldere man, ien fan om it kommende pensjoen hinne. Hy appte omraak en naam allegear foto’s fan de tsjerke en de mannichte achter him. Ik fûn der noch net safolle fan, want it konsert wie noch net begûn.

Doe’t it lykwols losgie hold de man net op. Soms gie it mapke eefkes ticht, mar waard dêrnei mei izeren rigelmjit wer iepenklapt om in antwurd te lêzen, te laitsjen, in berjochtsje te typen of in foto te nimmen. Syn lytssoan siet neist him, sadat er tekst of ôfbylding ek fuort live diele koe. Tegearre ginnepappen se hiel dan ek wat ôf, wylst Bachs ‘Gottes Zeit ist die allerbeste Zeit’ troch de tsjerke davere.

Dy kantate begjint mei in sonatina troch twa blokfluiten. It is miskien wol ien fan de moaiste stikken fan Bach, mar dat koe de man dus net safolle skele. Hy stjitte syn lytssoantsje hieltyd oan en meneuvele fan ‘moast hjir ris sjen, ha-ha-ha’.

Ik begûn nocht te krijen der wat fan te sizzen, mar wat moatte jo by sokke gelegenheden no sizze? Ik woe fansels net de mooglike quality time dy’t er mei syn lytssoan hie bedjerre of oerkomme as hiel beskaafd Bachkenner. As ik bygelyks freegje soe ‘Kinst dêr ek mei ophâlde?’ soe ik miskien lilke eagen krije en te boek stean as elitêre kommaneuker. As ik sizze soe ‘No hast dy hiele sonatina mist’ ek en as ik him foarlizze woe dat it konsert mar in oere duorre en of dat no echt te tefolle muoite wie, ek. By alles wat ik hertstochtlik fan him woe fielde ik de wearze fan syn kant al opkommen. En erges soe der ek noch gelyk hawwe, want in bytsje smartphoner docht dat sûnder lûd te meitsjen.

Dochs yrritearre dizze man my, en net allinnich om’t ûnder in aria de earste tellen fan de ringtoan fol troch de tsjerke skalde. Appe is eins mei in oar prate wylst ien mei dy oan it praten is – yn dit gefal dus de leden fan it koar, de muzikanten, de solosjongers en de dirigint. In konsert troch amateurs noch wol, dy’t miskien wol fol ferwachtings wachten op in antwurd. It giet by sosjale media net iens om de muorre dy’t der oplutsen wurdt, mar om de eangst der wat fan te sizzen.

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *