Column Friesch Dagblad, 10-11-2018

Yaris

 Je hebt iemand nodig
stil en oprecht
die als het erop aankomt
voor je bidt of voor je vecht

Pas als je iemand hebt
die met je lacht en met je grient,
dan pas kan je zeggen:
ik heb een vriend

Dat skreau Toon Hermans en gelyk hie er. Ik moast der de ôfrûne wike faak oan tinke doe’t ik konfrontearre waard mei it feit dat ik net in auto ha. Ik wol dat graach – in Opelke, in Volvoke – mar it slagget my mar net. Pecunia fansels. Mei de jierren haw ik myn heil socht yn de abstrakte skilderkeunst en poëzij, alles om dit brek te ferwurkjen en in plakje te jaan.

Oer it generaal slagget dat wol, mar de saak waard wer ris pynlik foar my opreakele doe’t myn freondinne har de ôfrûne wike weromluts achter har laptop om op de digitale snelwei op syk te gean nei in hillige ko. En dan net sa’n âld rammelbakje, mar in solide Japanse auto foar de langere rit.

Yn dy missy siet fansels in hiel stik entûsjasme, dêr’t ik dan wer mei in hiel stik spile entûsjasme yn meigie. Sei se bygelyks ‘Die Nissan Micra is leuk!’ dan antwurde ik: ‘Ja hoor, leuk’. Mar as se útrôp: ‘Kijk, een Honda Civic!’, dan antwurde ik: ‘Ik vind de Nissan Micra leuker’. Dat tsjinakseljen waard sa in ridel: ‘Suziki Alto!’ waard dus ‘Muhaa, liever Honda ‘Civic’; ‘Mazda 323!’ waard ‘Mmm, beter Suzuki Alto’ en ‘Micra’ waard ‘Doe dan Mazda’.  Sa hold ik my op de flakte en joech ik de meast tsjinstridige advizen om de saak te torpedearjen.

Nei in wike sneupe foel har each op in Toyota Yaris. ‘Wat vind je van déze?’ frege se. ‘Wel leuk. Al zou ik een Suzuki Alto doen’, ferfolge ik. ‘Nu moet je ophouden. Ik koop deze auto toch ook voor jou?’

Al woe ik dat net fuort sjen of tajaan, it wie fansels wol sa. Doe’t we de dealer opsochten en in proefritsje makken, waard it my hieltyd dúdliker dat it meiliftsjen hielendal net sa gek wie. Wy wiene der dan ek gau út. Sy betelle, de dealer makke de papieren yn oarder en ik ried werom. Thús skreau ik fuort dit gedicht:

Je hebt iemand nodig
stil en oprecht
die als het erop aankomt
voor je bidt of voor je vecht

Pas als je iemand hebt
met een auto en een pin,
dan pas kun je zeggen:
ik heb een vriendin

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *