Column Friesch Dagblad, 15-09-2018

De biografy fan Bach

Op dit stuit lês ik de Bachbiografy fan John Eliot Gardiner út 2016. Foar de leek is dat net in maklik boek. De dirigint Gardiner hat in technyske pinne, dy’t in grutte ôfstân krearret. Ik sit dus yn ’e trein of de bus sinnen te ûntraffeljen as: ‘Juist wanneer er in de tekst ‘ein Freudenlicht’ verschijnt, licht Bach de sluier van de dissonante, hoekige samenklanken eventjes op, maar dan volgt er een complete herhaling in de subdominant en zinkt de muziek weer weg in de duisternis, alsof ze nieuwe harten- en zielenpijn wil verkennen’ (side 426). Kenners as jo witte fansels dat wy it hjir hawwe oer de kantate Meine Seufzer, meine Tränen (BWV 13), mar leken as ik kinne dit net lêze sûnder in stikje oanskôgjend ûnderwiis op Youtube.

Ik moat jo dan ek bekenne dat it opskepperige ‘Op dit stuit’ net wier is. Better is ‘Sûnt twa jier’, want troch de drûge muzyktaal bin ik twongen de biografy hiel stadich te lêzen – sis mar rêstich mei frisse tsjinsin. Soks draacht it reële gefaar yn him dat it boek in ôflizzerke wurdt en in plakje krijt yn it al mar útdijende rychje mei noch te lêzen, heal lêzen of noait lêzen titels. Ik moat dus folhâlde.

Dat folhâlden hat trouwens ek wer syn eigen dynamyk. Earder skamme ik my foar al dy ferlerne boektitels, dy’t my wêzenleas oanseagen. Soms loste ik dat op troch in boek al lêzend foaral te scannen, sadat ik yn alle gefallen sizze koe dat ik it út hie.

Mar soks hat fansels hielendal gjin doel. Ek lêze moatte jo leare. Jo moatte foaral leare dat jo net alles lêze sille. Yn dat ferbân kin ik jo fertelle dat myn freondinne en ik al oardel jier dwaande binne mei it lêzen fan de komplete Bibel. Wy dogge dat hiel klassyk troch nei it jûnsiten om bar in stikje te dwaan. It giet net hurd, want mei Eksodus krekt achter de kiezzen beseffe wy dat wy miskien noait ta Iepenbierings komme. Wy sjogge it wol, tinke wy hiel dynamysk.

No is in boek oer Bach ek in soart bibel, dus haw ik it idee ik dat ik dat ek útlêze moat. Mar lykas ik noait alle 250 kantates hearre sil, sil ik Gardiners Bach wierskynlik noait goed begripe. Sa bestiet de dynamyk dus út de plicht de grutte komponist kennen te learen versus it ferlet dat út- of ôf te stellen. Myn ferstân seit fanatyk ‘ja’, myn hert gewoan ’nee’.

Gelokkich haw ik in útwei troch gewoan te harkjen. Meine Seufzer, meine Tränen is nammers in hiele moaie kantate. Fan alle ferzys op Youtube ried ik jo dy fan Gardiner it measte oan.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *