Column Friesch Dagblad, 27-09-2018

Hast fyftich

Ik bin dit jier 48 wurden. Dat betsjut dat ik kommend jier 49 wurd. Miskien fine jo dat in ûnnoazele opmerking foar in jong-middelbere man, mar it is dochs wat. It jier dêrnei sil ik nammentlik 50 wurde, wat net fuort maklik is.

Lit my noch mar eefkes 48 wêze, tink ik dus faak. It stiet ek wol moai – in ‘4’ en in ‘8’ binne gelykmjittige sifers, dy’t tegearre goed op it cv stean. As ik bygelyks de Nobelpriis foar de Frede winne soe – dat kin – en dêrom yn alle kranten kom, soe der bygelyks stean: ‘Jaap Krol (48) is de jongste vredeslaureaat ooit’. It stiet yn alle gefallen better as ‘Jaap Krol (50) is de jongste vredeslaureaat ooit’. Yn it earste gefal bin ik in jonge god mei in grutte persoanlike moed, yn it twadde in saaie VN-konsul yn maatpak.

Mar ek al fiel ik my jong en hip, ik bin it net mear. Foar it earst sit ik no yn in libbensfaze dy’t my echt oandeart. Auto, houlik, keaphûs, ferstannich wurk: alles haw ik oerslein. Dat oandearen giet oer it feit dat elkenien om my hinne dy’t fyftich wurdt in grut feest jout. Sa’n feest is eins in oergong tusken jong-middelber nei trochsneed-middelber. It is it ôfskied fan de earste helte fan jins libben en it begjin fan de twadde. Logysk dus dat al dy feesten yn it teken stean fan wat der wie. Faak wurdt der in witst-noch-wol-ferske songen troch de freoneklub. Faak is der dêrnei ek disko, om noch ien kear te dûnsjen as in jong pykje.

Fan ’t simmer haw ik al trije Abraham- of Sarah-feestjes hân – mei disko. Leuk fansels, want diskodûnsjen is leuk en sûn. Dochs bin ik wol op it punt kommen dat ik guon ferskes net mear hearre kin. Ferskes dy’t der oars by hearden, dy’t oer wille en spanning giene. Mar altyd wer Fire fan The Pointer Sisters, dêr wurde jo flau fan. In hiele simmer September fan Earth, Wind and Fire ferfeelt ek. Smells Like Teen Spirit fan Nirvana sit my sa njonkenlytsen ek ta boppe de kop, lykas noch wol tweintich oare ferplichte nûmers.

Dat hie ik dus noait tocht. Wêr’t ik altyd kribels fan krige of wat ik noflik-nostalgysk fûn, dat wurdt no ferfeelsum. Ik wit net hoe’t ik it oplosse moat as der daliks wer ien fyftich wurdt, want ik kin dochs net samar  fuortbliuwe? Dêr komt dus by dat ik alles oerslein haw en mysels ferplicht acht in feest te jaan – mei disko fansels. Nee, ik haw it net maklik en dat duorret noch wol oardel jier.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *