Column Friesch Dagblad, 13-10-2018

Yntolerante haadstêd

Dit jier is Ljouwert de kulturele haadstêd fan Europa. By ‘kultuer’ tinke we faak oan leuke dingen foar de minsken, mar soks is fansels net it echte ferhaal. Dat is it sizzenskip fan stimmen dy’t oars binne – dy’t tsjinakselje, it dreech hawwe, wat nijs fertelle of yn de nederklits sitte. Sa kin in roman lêze wurde as in labyrint fan stimlûden, dy’t allegear in eigen ferzy jouwe fan it ferhaal. In muzykstik kin allinnich mar kwaliteit hawwe as alle ynstruminten wat oars spylje. In teaterstik hat gjin doel as elkenien itselde seit of akteurs inoar mar wat neibrauwe.

Doel fan dat alles is net sasear de ferheffing fan it folk, mar in pear tellen selsrefleksje. In pear tellen mar, gewoan om ris nei te gean wat ik fyn, wêrom ik it fyn, wêrom ik oaren mar neipraat, nei de mûle praat of wêrom ik kultuer mar stom gedoch fyn. As dy pear tellen liede ta in momint fan ynsjoch of betsjoening, ien momintsje mar, dan is de kulturele missy slagge.

Moai stikje PR foar de beskaving, is’t net sa? Tiid foar besinning. Dizze wike waard ik fia de kranten konfrontearre mei in oar stikje kultuer, nammentlik de Fryske flage as symboal fan de oprop om it ‘gedoe uit de Randstad’ (De Volkskrant, 20 november 2017) ris in leske te learen. Rjochters moatte no oardiele oer de blokkade by De Jouwer, dy’t nedich achte waard om de tsjinstanners fan Swarte Pyt nei hûs te stjoeren.

It slimme oan dit beskamsume barren is it enoarme dedain fan de flageswaaiers en hoodiedragers foaroer dy Rânestêd – foar stedsminsken yn it algemien, soene jo sizze kinne. Stel dat ik as stedsbewenner sizze soe dat plattelanners harsels it leafst opslute yn kultivearre selsbeklach, om’t se altyd sa stinne oer de molkepriis, sa seure om’t se sa fier nei de buertsuper fytse moatte, ynferieure dialektrock produsearje en fierders as subsidiearre túnkabouters foaral lekker libje op kosten fan de hurdwurkjende en belestingbeteljende mearderheid út de stêd, dan rop en raas ik mar wat.

Mar dat gefoel haw ik net as de komplekse Pitediskusje troch guon sûnder pardon weiset wurdt as in stedse, linkse hobby en de iepenbiere romte yn alle hitsichheid taeigene wurdt om oaren de mûle ticht te naaien. As der no dus sein wurdt ‘Wij hadden maar één afspraak: dat we geen geweld zouden gebruiken’ (Trouw, 9 oktober), dan is dat in leagen. Foar eigen rjochter spylje op de snelwei om tsjinstanners dwers te sitten is in earnstige foarm fan geweld. It is in tryst meitsjend ferhaal dat yn dit feestlike jier ek de oare kant fan de medalje sjen lit.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *