Column Friesch Dagblad, 01-09-2018

Frije kavel

Dizze simmer wiene wy mei de fyts hielendal nei Fryslân (NL) set, om as útbluste stedsminsken te genietsjen fan in wolfertsjinne en breanedige rêst op it ûnbedoarne plattelân. Wat dat betsjut? Fytste oer âlde seedykjes, ite by de grûn, sliepe ûnder de stjerren. En hoi sizze fansels, de hiele dei. Fanôf Lauwerseach oer Swarte Hoanne nei Gaasterlân, it koe allegear net op.

No is dat ûnbedoarne in fabeltsje, mar soms net. Aldemirdum dat op in hite simmerjûn gewoan útstoarn is of it rommelige haventsje fan Laaksum mei syn ymprovisearre terras; soms it is in wûnder dat in toerist him noch ferwûnderje kin oer it feit dat der gjin toeristen binne.

Mar fierder is Nederlân ryk en Fryslân ek. Ryk oan wegen, winkels en brêgen; oan kampings, monuminten en swimwetter. Wynmuonen en megapleatsen falle net mear op en de Albert Heijn of Coop is deselde as by my om ’e hoeke. In hûs yn Gaast dat te keap stie foar hast in miljoen, Noard-Hollân dat fanôf de dyk by Koarnjum te sjen is yn nachtlike neon: it heart allegear by stedspark Nederlân, dat hieltyd grutter wurdt.

Dochs is der ien ding dat my geandewei hieltyd mear steurde: de frije kavel. Dit binne lapen partikuliere grûn fol boerderettes, neo-neo-klassisistyske lânhuzen of enoarme grutte villa’s, meastal oan de râne fan in doarp. Faak hawwe se beskikking oer in dûbele oprit, grutte lûken en retro-ruten. Net selden sit der in stiennen tún of gersflakte omhinne en pronkt der in grutte houtkachel yn de tún. Ik ha der gjin oare wurden foar as grotesk, kitscherich en tuttich, kwalifikaasjes dy ik foar it gemak mar eefkes gearfetsje as smakeleas.

Dat smakeleaze hat  dus in estetyske komponint, mar ek in maatskiplike. Sjoch, as ik op in doarp ôffyts en der doemje rychjewenningen op, dan tink ik: dêr libje minsken! Daagt der in nije filla oan de hoarizon, dan tink ik: dêr wennet in inkeling. De frije kavel is wyldgroei, twadieling en monokultuer yn ien wurd.

As fytser seach ik dus hoe’t doarpsgesichten sawat kapot makke wurde troch dy megakastielen. Lykas yn Easterlittens, dêr’t de âlde suvelfabryk mei historyske piip ynpakt is troch in sery smakeleaze boerderettes. Yn Ysbrechtum waard ik ferwolkomme troch in smakeleas lânhûs fan it formaat Epema State, dat qua ûntwerp hielendal gjin bining hat mei it doarp. Werom moat dat no allegear sa grut en hermetysk? Jo gean dochs ek net mei de Love Boat te faren oer de Snitsermar? It soe yn elts gefal in ramp wêze as er ek noch oanleit yn it rommelige haventsje fan Laaksum.

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *