Column Friesch Dagblad, 21-07-2018

Schwung

Ferline jier wiene wy nei Dútslân set foar in mid-lange fytsfakânsje. It waard in memorabele reis, dy’t spitichgenôch oerskaad waard troch in gefoelige klap foar ús ego’s.

Wy wiene dan wol nei Dútslân set, mar dat hie ek Frankryk of Denemarken wêzen kind. Ik kies altyd foar in fakânsje yn in Westersk lân, om’t ik my dan net skuldich hoech te fielen – ik jou gjin jild oan earme bern om mysels in goed gefoel te jaan en lit ek gjin lju foar in habbekrats wat foar my drage of slepe.

Sterker noch: yn Europa kin ik my skamteleas profilearje as Nederlanner. Wat dat is wit ik net krekt, wol dat it te krijen hat mei in frije geast en in fleurich yndividualisme. Neam it mar de seinen fan ús stedskultuer, dêr’t miljoenen minsken ticht op inoar wenje en it plattelân in park is.

Foarich jier wiene we yn in alderaardichst Dúts provinsjestedsje bedarre. Om’t it der sa smûk wie, besletten wy jûns nei in kneibe te gean. Doe’t we dêr sieten, hearden we fierderop in diskoteek bonken, ien mei frije slútingstiden. No hâld ik fan disko’s, hielendal yn it bûtenlân, om’t ik my dan as echte Nederlanner gedrage kin – in bytsje frijer as it stive stamfolk. Myn freondin en ik lieten ús dus lekker gean op de lege dûnsflier fan de smoardrokke disko, mei ús Mick en Keith-ymitaasjes, John Travolta-looks en it bettere loftgitaarwurk. Erges fielden wy ús kolonisators, mei as wapen de frije ekspresje. Fansels hawwe jo dêrby altyd de stille hoop dat dit gedrach it lokale publyk oanstekt. Sa fan: ‘Jaap, dass hätte ich so nötig! Du bist einen Fisionär, einer Weisgehr und einem Kraftmensch! Kurzum: ein Held!’. Nije libbenssin kin dan it gefolch wêze.

Nederlân as gidslân dus. Dochs bleau de dûnsflier leech en waarden wy boppedat wurch. It wie dus tiid om ús te mingen ûnder de provinsjalen, want wa’t him net skuldich fiele wol moat meidwaan.  Doe’t wy lykwols nei de bar rinne woene, waard de hiele flier ynienen befolke troch allegear stellen, om’t der in dûnsnûmer opset waard.

Al dy duo’s dûnsen in perfekte styldûns fol hupkes, swierkes en paskes. As op in iisbaan, sa gliden se feilleas troch inoar hinne. In karrûsel dy’t swingde as de neten, nûmer nei nûmer.

Wy stiene derby, seagen dernei en beseften dat ús saneamde frije ekspresje net allinnich belachlik wie om te sjen, mar ek wiisde nei in brek oan opfieding. It fielde as hiene wy mei ús geklungel ek neat leard oer de wrâldskiednis, de âldheid, de grutte skriuwers of de byldzjende keunst. Fan skrik naam myn freondin kola en ik in sinas, dêrnei dripten wy ôf mei de sturt stevich tusken de skonken.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *