Column Friesch Dagblad, 18-08-2018

De achterfolging

Ferline wike. Ik fytste om 05:45 troch de stêd nei myn wurk, gewoan omdat it moast. Op in ferlitten stoepe seach ik foar my in ploechje jonges rinnen, in bytsje oansketten, in bytsje slingerend. It is altyd oppassen mei jongesploechjes dy’t swalkend troch in stêd rinne. De nacht hat se miskien slûch makke, faak giet der fan soksoart formaasjes driging út.

Wylst ik oer it fytspaad fytste, stuts ien jonge oer. Hy seach net op of om, sadat ik ôfremme moast en stapfoets om him hinne fytste. Foar in pear tellen beweegde ik my op krûpsnelheid tusken de ploech, wat foar nachtbrakers faak reden is om wat te roppen, ‘Lekker werkUUUH!?’ of sa. Doe’t ik opluts hearde ik lykwols ien skellen: ‘Jij snijdt mijn maat af!’, wêrop er de achterfolging ynsette. Eefkes stie ik yn bestân om wat werom te sizzen, want earlik sein koe ik sok gemier op de betide moarn net ferdrage. Dat friends-will-be-friends gedoch hat altyd wat dweperichs en puberaals, wat fansels krekt de reden is werom sokke ploechjes sa gefaarlik wêze kinne.

Gelokkich wie ik de wiiste en fytste ik rêstich fierder, ek om’t achter my de achterfolging ûnder in lûde ferwinsking al gau staakt waard. Mar ik toch wol: wat as er my ta stilstân brocht hie en de hiele horde om my hinne kaam te stean? Miskien hiene se de fyts in pear bêste trapen ferkocht en doe mei in pear rake klappen ferhaal helle op my.  ‘Groep mishandelt voorbijganger’, lêze jo dan yn de krante. Myn ferhaal wie in dramatysk topferhaal, om’t elkenien yn myn omjouwing begrutsjen mei my hawwe soe. Ferbân, bloedkoarsten, skea, oanjefte by de pelysje, it koe net op. ‘Yn wat foar tiid libje wy?’ sei elkenien ferbjustere. Ienris foar de rjochter soe ik se ferbaal in pear hiele rake klappen weromjaan, sadat harren takomst as jong-folwoeksene mei strafblêd der ynienen hiel oars út kaam te sjen.

Mar ik moat bekenne dat ik it spultsje meispile. Ik stie ommers yn bestân om wat werom te sizzen en dat wie gjin ‘ook goedemorgen’. Ien fan de jonges stuts dan wol oer sûnder út te sjen, op myn fytsstjoer siet gjin belle. Ik hie him mei in stevige ‘Opgepast!’ ek warskôgje kind dat ik deroan kaam – miskien hie ik myn snelheid net genôch mindere en fytste ik te hurd. En al dat meilibjen, wie ik dêr stiekum ek net hiel wiis mei?

De hiele moarn ha ik neitocht oer dizze saak. Ik wist: ek betrouber nijs is faak fake. It fertelt meastal it winske ferhaal, mei de winske dieder en it winske slachtoffer, wylst de wierheid meastal yn it ûneindige midden leit.

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *