Column Friesch Dagblad, 04-08-2018

Fakânsje , ik sprek dy noch wol

Oankommende wike rint myn fakânsje ôf. Hast fyftich wike ha ik der per wike mear nocht oan krigen, no begjint de syklus wer hielendal opnij.

Ik ha dan wol trije wike oan it lanterfanterjen west, eins is it moaiste oan in fakânsje de idee dat it oansteande is. Benammen de lêste dagen foar it echte begjin is in feest. Ik skjirje de flier nochris en set him wer yn de lak, ik doch eefkes in ekstra wask en poets it fornús, ik meitsje de fyts fakânsjeklear en set de tinte proef-op. As it dan tongersdei wurdt en it gefoel der is dat moarn de saak echt los giet, trún ik mysels oan dat ik yn it momint stean moat. Ik wit ommers dat ik it gefoel de rest fan it jier ferjitte sil en wol it sa bewust mooglik belibje. Sa is foar my dy lêste wike de moaiste tiid fan it jier.

Logysk dus dat oankommende wike in minder moaie tiid is. Moandei wit ik dat ik oer in wike wer begjinne moat, tiisdei besef ik dat ik oer in wike al dwaande bin, woansdei, tongersdei en freed ek en sneon realisearje ik my dat oer sân dagen de kop derôf is en dat it oansteande moandei safier is. Mar dat duorret no dus noch sân dagen, dy’t moandei begjinne mei de earste dei fan de wike foar de earste wurkwike.

Snappe jo it noch? Sok gepriechel is idoat, mar it hâld my dwaande. Lykas jo. Dagen telle, oeren telle, al in bytsje koartôf wurde om’t it hast foarby is of krekt wat te fleurich dwaan om’t soks wer net mei – fakânsje makket dy gek. Ik kin my dan ek goed yntinke dat der minsken binne dy’t krekt dêrom hielendal net fuort gean.

Dochs hawwe dy it mis. As jo gek fan fakânsje wurde – of jo no thúsbliuwe of net – is der sprake fan in obsessy. Yn myn gefal soene jo sizze kinne dat ik de fakânsje stalk. It betsjut dat ik yn dizze tiid bêst wol lilk op har bin, om’t it har skuld is dat wy net mear tegearre binne. Wêrom is se foarby? Wy hiene it sa goed! Fanôf moandei oer in wike is it dus wer saak dat ik har wer foar my win – ik sil de moannen, dagen en oeren telle, oant ik wer sicht krij op de lêste wike en wy wer ien wurde. Fakânsje, ik sprek dy noch wol.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *