Column Friesch Dagblad, 23-06-2018

Ringo

Foarige wike ha ik nei it Holland International Blues Festival yn Grolloo west. No hâld ik net fan blues, dus feitliks hie ik der neat te sykjen, mar omdat Ringo ek komme soe wie de kar rap makke. Hoefolle kânsen soe ik noch krijge om in Beatle yn it echt te sjen? Miskien dat Paul MacCartney  nochris komt, mar sjoen de prizen fan syn konsertkaartsjes wie dit wierskynlik de lêste mooglikheid. Dat ik serieuze twifels hie by Ringo syn All-Starr Band, âlde rockers út it oersaaie Adult Oriented Rock-segmint, naam ik op de keap ta.

Ik wie foarige wike dus in bytsje senuwachtich. De hiele dei wie ik oan it dubben of ik in Beatlesshirt oan dwaan soe of net. By einbeslút keas ik foar in neutraal niksshirt, mar doe’t ik al ûnderweis wie nei de trein bin ik (48) wer nei hûs fytst om dochs mar myn Abbey Road-himd oan te dwaan.

Gelokkich mar, want op it festivalterrein wiene hiel wat oaren mei in truike of mûtske fan The Beatles. Dat bynt. Ik wie net allinnich en paradearre grutsk oer it terrein. Dochs fielde ik tusken al dy fans de spanning oer in goed steanplak grutter wurden.

Om my dochs te fesekerjen fan in goed plak keas ik foar in radikale wize. Ringo spile om 22:15 en waard foarôf giet troch Jeff Beck, dy’t om 21:15 ophâlde soe. Om net yn panikerige ferkearsstreamen te kommen, gie ik om 20:45 fanút de festivaltinte nei de bar. Dêr kocht ik seis potsjes bier yn in kartontsje en gie ik wer nei Jeff Beck.

Myn plan slagge formidabel. Om 21:20 koe ik noch in hiel ein nei foarren rinne, oant ik sa’n tsien meter foar it podium stie. Doe ik hie ik noch fjouwer potsjes bier oer, dy’t ik yn alle rêst opdronk. Dêrnei liet ik it kartonsje falle en wie ik der hielendal klear foar. Om 22:16 kaam de All-Starr Band op.

En doe kaam Ringo. Hy wie it echt. Ik rôp samar ‘Wow!’ en begûn te klappen. Ringo song Matchbox en wiisde nei dit yntro nei syn bandleden. Fan links nei rjochts stiene der de pianist fan Santana, de gitarist fan Toto, de bassist fan 10CC en de sjonger fan Men at Work – allegear bands dêr’t ik neat mei ha en dy’t ik it leafst as shit bestempelje. Myn serieuze fermoedens kamen ek noch út, want mei al dy griisdraaide eightieshits wie it konsert eins neat oan.

Wie dit dus in djoere jûn om ’e nocht? Beslist net. It gefoel mei seis potsjes bier yn in festivaltinte op in echte Beatle te wachtsjen… is gewoan ûnbeskriuwlik.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *