Column Friesch Dagblad, 09-06-2018

Wat no?

Ik hie it foarige wike net mear. Ik hie sawat om de dei in min sin, skeat faak út myn slof en krige der driftbuien by. Koartsein: ik wie net te genietsjen. No kin ik de skuld jaan oan it waarme waar, dêr’t ik net in leafhawwer fan bin, mar dat is fansels ûnsin – as it snijt ha ik ek net de hiele dei in bulderjende laits oan ’e kont en as it mottich reinwaar is it nivo fan myn bêst wol leuke moppen net heger as oars.

It probleem leit folle djipper. It hat te meitsjen mei it idee dat ik wolris it gefoel ha dat ik net de baas bin oer myn eigen libben – krekt as jo miskien. Wat no? tink ik dan.

Op dat punt siet ik dus hast de hiele wike. Soks knettert dan, hast letterlik. Sa bekrûpte my ynienen in ferme yrritaasje doe’t myn freondin freedtemiddei útstelde in broadsje falafel te iten. Sûn en lekker, dus werom net? Mar ik woe thús ite en fierders gjin gedoch. Mei tsjustere eagen siet ik dêrnei dus yn de falafelsaak, om’t ik net woe dat myn yrritaasje de trochslach joech, mar allyk net ferkroppe koe dat we net myn sin diene. En dat om in broadsje falafel!

De dagen dêrfoar hie ik al in pear kear mei de doar fan in keukenkastjes slein en myn bôlebakje sa hurd mooglik op it oanrjocht klapt (3x) dat it bakje stikken gie. Ik wie allinnich thús, dat it mocht.

Dy ‘wat no?’ giet dus soms mei my oan ’e haal. Ik fergrutsje, teorisearje en sjoch komplotten, wêrby it antwurd op de fraach op alle terreinen fan myn libben delslacht. It feit dat ik my mei trillende hannen yn de keuken gean liet, wie in gefolch fan it feit dat ik myn beropswurksumheden as nutteleas seach – ik krige gjin antwurd op in wichtich mailtsje, fandêr. Dêrtroch wie it in feit dat ik net yn steat wie in fatsoenlike prestaazje te leverjen, op wat foar mêd ek. Dat ik dus ek gjin fatsoenlike sin út ’e pinne krige, wie it safolste bewiis fan dat feit yn dy wike. It feit waard trouwens ynlaat mei in losse opmerking fan ien oer in pear fragen fan my oer syn stikje. Dat losse yn dy opmerking wie sa de fonk dy’t de saak knetterje liet, mei úteinlik dy treurige koartslúting yn de falafelsaak.

Myn freondinne riede my oan gau mei ien te praten, mar safier bin ik noch net. Ik moat earst de feiten mar ris op yn rychje sette en dan myn behearsking werom krije.

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *