Column Friesch Dagblad, 07-07-2018

Nijs

Wy libje yn drege tiden. Alteas, dat fyn ik. As bern hie ik gjin antwurd op de atoom- of neutronenebom en gie ik oerenlang swijend troch it libben. Letter gie it oer krúsraketten, nukleâre driging en soere rein, dêr’t ik ek net bepaald fleurich fan waard. No binne it de twaspjalt tusken earm en ryk, de oerbefolking, de klimaatferoaring en de migraasjekrisis. Selfs it moaie waar fan hjoed is in teken des tiids. Al dizze kwestjes moatte ek noch oplosse wurde troch populisten en diktators, skimmige figueren dy’t myn soargen net serieus nimme.

Om myn rêst te bewarjen sykje ik nei ôflieding. Aternativen, better sein. Ik ha nijs nedich dat my miskien wol oangiet, mar der net ynhakt. Mei de rin fan de jierren ha ik in rige favorite nijsûnderwerpen samle, dy’t foar my terapeutysk binne. Ik wurd der rêstich fan en krij wer nocht om de sinnen eefkes te fersetten. As jo dus soargen ha en betiden gjin útwei mear sjogge, ried ik jo oan no fierder te lêzen.

Op trije stiet it dossier Oostvaardersplassen. Hoe moat it no mei al dy hynders en fûgels, dy’t sa natuerlik mooglik drave en fladderje tusken Almere en Lelystad? Guon wolle se fretten en in tekkentsje jaan, om’t se oars honger ha en it kâld krije; oaren sizze dat sa de balâns fersteurd wurdt. De wet fan de jungle yn de Flevopolder, it meast oersichtlike lân op ierde, dat is dochs in hearlik stikje ûnstpanning.

Op twa stiet it Nederlânske omropbestel. De slach tusken kwaliteitsprogramma’s en jild is in slach … ja, om wat eins? Ik sjoch noait televyzje en oer in pear jier dogge de omroppen der net mear ta. Wêr moat ik my dus soargen oer meitsje? Wa’t trouwens as earste Sesamstraat nei it ynternet ferbant, kin net fuort rekkenje op dat stikje ynteresse.

Op stip op nûmer ien stean de cao-ûnderhannelings – as se fêstrinne dus. As bygelyks meubelmakkers, húsartsen of bussjoffeurs mar lean wolle, is der neat oan de hân. Earst komt der in demonstraasje, dan in staking, dan in kompromis. De kranten komme mei sifers en it Journaal mei ynterviews, en al dy tiid tink ik: jou my mear. Mear! (3x) Lit de ûnderhannelings yn de metaal en de soarch ek mar fêstrinne, dan bart der tenminsten net al tefolle.

As jo dus soargen ha en betiden gjin útwei mear sjogge, rop dan mantra’s oan as ‘Moge de   Oostvaardersplassen mij wijsheid schenken’, ‘Het omroepenbestel geeft mij positieve energie’ of ‘De vastgelopen cao-onderhandelingen zijn balsem voor mij ziel’, dan komt it allegear goed.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *