Column Friesch Dagblad, 28-4-2018

Motorgeweld

It giet net goed mei Nederlân. In soad mannen wurde grut ûnder de grutte wjukken fan moeder de vrouw, dy’t alles foar se docht – waskje, klean ferstelle, iten siede, leuke spultsjes dwaan. Faak sykje se as jong folwoeksene in útdaging, want it feilige libben kin ek hiel saai wêze. Guon helje dan it motorrydbewiis en keapje in motor.

Oare mannen komme faak op in bepaalde leeftyd – sis mar tusken de 45 en 50 – yn de midlifekrisis, dêr’t se wrakselje mei fragen as ‘Wa bin ik?’, ‘Wat wol ik?’ en ‘Wêr gean ik hinne?’. Faak is it antwurd op dy fragen gau jûn, soms al binnen in kertierke: ‘Ik bin in frustrearde kantoarplant’, ‘Ik wol in motor’ en ‘Ik wol nerges hinne, allinnich mar skeure.’

As it dan moai waar is, lykas foarich wykein, komme se tegearre as mollen út de grûn. No is de oerienkomst tusken de mol en motorrider ek grut, want se ha beide lêst fan minne eagen. Lykas in mol noait gewoan in rjochte gong grave sil mar gewoan kriskras it lân bewurket, sa ha de gemiddelde motorrider gjin each foar de ferkearsboerden en raast er as in dolle oer de grutte en lytse plattelânswegen. 150 is faak de noarm, dêr’t 80 de limiet is.

Wat ik ek ûndernim op in moaie maitiidsdei, myn wille wurd steefêst bedoarn troch de motorrider mei syn sinnewerende helm en flitspak. As in eintsje omfyts moat ik geregeld de sleat yndûke, om’t der wer ien of oare gang my ynhellet. Sit ik by myn karavantsje fan de blauwe loft te genietsjen, dan hear ik it geraas al fan fier kommen. Ik kin dan ek in lûd fan in Ducati ûnderskiede fan bygelyks in Kawasaki of Honda. In Ducati heart djip, in Kawasaki sit heech en in Honda begjint yn de seisde fersnelling mei in droech ringellûd. Dat is aardich nutteleas, seker sjoen it feit dat ik sjongfûgels net iens fan inoar ûnderskiede kin.

As jo no tinke: ‘oerdriuw net sa, der binne ek aardige riders by, mei soargen foar de meiminske, de tredde wrâld en it miljeu, do ek altyd mei dyn stomme stikjes’, dan hawwe jo it mis. Foarige wike siet ik op in sinnich terraske oan it wetter te kofjedrinken en in gebakje te iten. Achter my stapte in groep gelearde mollen krekt op it sadel. Tusken de earste startende motor en de lêtste beteller (‘ik moest nog even naar de wc!’) siet sawat in kertier, sadat ik as fytstoerist myn kofje en apelgebakje konsumearje moast yn de reek fan benzinedampen en útsjittende gashendels. As earste ried in Suzuki fuort – dy hat in skerp tuf-tuflûd, foaral yn ’e achterút.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *