Column Friesch Dagblad, 28-05-2018

Trekkers

Sneon, erges yn maaie. Ik makke in moai fytstochtsje troch it Lauwersmargebiet, fan Warfhuizen nei Anjum en werom. Fûgels, loften, ferjitten boatsjes, dat wurk. Op it lân in inkele masine, op ’e dyk in pear frachtauto’s en wat hurdfytsers.

Miskien ferwachtsje jo no fan my wat oer de minsken dy’t ik tsjinkaam, mar dy wiene der net. Op it plattelân is it iensum en stil. Gjinien wurket yn ‘e tún of sit op de feranda. Amper fee. Skientme en fernuvering sit him yn de details; foar stedsminsken binne dat hjoeddedei megaskuorren, biogasynstallaasjes en wynmûnen.

En trekkers. Ik haw in swak foar trekkers, beken ik jo. Dizze middei wachte der in oranje Fiat op in hiem, seach ik in brune Ursus op it lân riden en stie der in pinsjonearre reade International neist in opdrûge dongbult.

In trekker docht wat oaren net dogge: hy is nerges bang foar en rydt fan de wei ôf it lân op of oarsom. Presiis wat bern dogge mei harren boartersguod. Dêrby komt it ûnferoarlike lûd fan de motor, in lokfûgel mei in rop út it ferline. In trochsneed trekker is dus ien brok platte nostalgy, laudearre mei prehistoaryske wurden as ‘fluistercabine’ en ‘hef’.

Ik waard trouwens ynhelle troch myn leavelingstrekker, in blauwe Ford. In iepen Ford ek – noch moaier fansels. Boppe de grutte tsjillen siet in sitsje, oan de hef siet in karre. Neist deastil is it plattelân ek masinaal wurden, want wêr is de platte karre bleaun? Gewoan in rige planken mei fjouwer tsjillen derûnder? Der kin fan alles op: hea, gers en âld-papier. Of hynderfamkes, lykas op de karre achter de Ford. Sy hiene harren finest hour. Wa’t ommers meiride kin op in trekker, belibbet dat it spul echt wurdt.

De trekker is eins te besjen as in heitefiguer. In betrouber en sterk wurkbist, dat net bang is en moaie nammen hat as bygelyks ‘John Deere’ en ‘Fendt’. De wynmûne soe yn dizze tiid dan de mem wêze kinne, mei assosjaasjes as ‘ierde’ of ‘libbensboarne’. Miskien harket se wol nei moaie nammen as ‘pluzefanger’ of ‘loftingel’. Punt is fansels wol dat der gjin wynmûneboartersguod is, sadat de needsaaklike identifikaasje der net is. Punt is ek dat ik no in bytsje trochdraaf, want it wêzen fan in frou is fansels hielendal net te fangen. Mar wat moatte jo oars? In frou as megaskuorre of biogasynstallaasje is wer de oare ein.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *