Column Friesch Dagblad, 14-4-2018

Neat dwaan

Ik dream faak oer de perfekte kwaal of it meast ûnskuldige ûngemak. Sa’n oandwaning hâld my thús sûnder dat ik der echt lêst fan ha. It meast gaadlik liket my in brutsen pols. Dat komt altyd wer goed en ûndertusken kinne jo dwaan wat jo wolle – in dei nei Amsterdam, lekker thús wat lêze of gewoan in wike mei fakânsje gean. In beskieden grypke kin ek wol, mar dan net mei al dy ferkynselen fan gryp derby.

Foarige wike krige ik ynienen in sa’n reedlik beskieden grypke. Earst begûn de mage op te spyljen, doe krige ik it waarm en kâld. Dêrnei moast ik oeren wachtsje oant de mage begûn te stjitten, wêrnei ik myn tiid ferdielde tusken bêd en waskbak.

Nei in ûnrêstige nacht waard ik om njoggen oere wekker en fielde ik my altyd noch net hiel goed. No moast it dus begjinne, it effekt fan dy perfekte kwaal. Earst lei ik noch in oere te hingjen, dêrnei dronk ik in beker wetter. Doe’t ik einlik ûnder wie, koe ik mei muoite de krante út de bus helje en lies ik dy sûnder echt te lêzen.

It wie al hast tolve oere, ik besleat fia Uitzending Gemist nei in pear dokumintêres te sjen. Earst seach ik nei in film oer de feroardieling fan twa moardbroers, dêrnei nei in film oer Louis Couperus. Tusken de beide lies ik ek noch in haadstik út in boek. Tusken it boek en de twa films ha ik wol hûndert kear op Teletekst sjoen om in nije nijsrigel. Wylst ik yn de stuol siet, lei ik de fuotten ôfwikseljend op de bank, op it krukje en op de poef. Ik dronk noch in pear glêzen wetter en iet twa manderijntsjes.

Films en boek wiene allegear bêst aardich en yndringend, mar ik koe de kop der net echt by hâlde. Wêrom wit ik net, mar dat is presiis it gefolch fan myn beskieden maleur. Yn it normale libben past it lichem him oan oan de nuvere grillen fan de geast, oarsom klopt it net en is de tiid in fijân dy’t jo it swijen opleit. In dei lanterfanterje is fansels net slim, om’t der meastal wat foaroer stiet. As ik my lykwols ferfele moat omdat ik my ferfeel is de ein syk. Ik wie dus bliid en feromme dat ik my de oare deis wer better fielde en wer oan it wurk koe. No wie ik dy dei frij, sadat ik my oerjaan koe oan it hearlike neat dwaan.

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *