Column Friesch Dagblad, 05-05-2018

Hichtepunt

Sûnt twa jier sparje ik foar in reis. Hâld jo fêst: yn 2020 sil ik fan New York nei Los Angeles fytse. De tocht sil gean oer West Virginia en Kentucky, Nashville en Memphis, lângs Texas en New Mexico en troch de woestinen fan Arizona en Californië – om mar in pear hichtepunten te neamen. Foar dizze coast-to-coast-trip tusken Times Square en Hollywood Boulevard rekkenje ik ûngefear trije moanne, ynklusyf fleanreis.

De hiele operaasje driget de reis fan myn libben te wurden, wat ik oan de iene kant moai fyn, mar oan de oare kant net. In ‘reis fan dyn libben’ implisearret in hichtepunt, dat allinnich mar ta gefolch hat dat it hiele libben dêrnei der net better op wurdt. Ik ha der dus serieus oer tocht om de reis ôf te blazen, sadat der nei it hichtepunt gjin frij fal mear wêze kin. Boppedat tink ik altyd dat myn hichtepunt noch komme moat. Al bin ik oer twa jier 50, ik fiel my gewoan 26 en rekkenje noch op in pear meislepende, grutte barrens: in grutte jildpriis en in ûnderskieding, in ‘dit is uw leven-show’, in optocht mei strieljagers, de tawizing fan in kulturele haadstêd as ûnderdiel fan it International Year of Jaap (IYOJ). Alles komt my ta, it is fansels net de bedoeling dat ik oan alles takomme moat.

Dêrby komt dat ik foar elts grut evenemint op myn paad altyd bearen op de wei rinnen sjoch. Amearika is it lân fan frije wapens, sinleas geweld en in ferstikkende moraal, allegear saken wêrtroch myn libben – krekt troch de ôfwêzigens fan dy trije – in hichtepunt is. Fan it bedrach dat ik no byinoar sparre ha kin ik bygelyks ek fia Emden nei Oldenburg fytse of ris in goeie gersmasine keapje, sadat myn oersichtlike libben noch oersichtliker wurdt.

Sa sit ik no al mei in earnstich dilemma. Ik wol graach wat, mar wol dat leaver net. Ik had reden genôch om it fleantúch net te boeken, hoewol ik dat hiel graach wol. As neuroat hop ik op en del tusken de hoop op hichtepunten en de ferwachting fan djiptepunten.

Dochs sit ik net echt djip yn de rats. Ik bin der nammentlik wis fan dat gemiddelde neuroat better ôf is as de gemiddelde man (of frou) fan stavast. Senuwlije is eins in foarm fan ekstreme konsintraasje. Alles draait om it yn kaart bringen fan gefaren, sadat my letter neat oerkomme kin. Wat it hichtepunt fan de reis wêze sil wit ik net, mar it sil ûnferjitlik wêze. Hoop ik.

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *