Column Friesch Dagblad 17-03-2018

Kosten

As jo in trou lêzer fan my binne, – en dat binne jo -, dan witte jo fan de tema’s dy’t my dwaande hâlde. Keunst, filosofy, wittenskip, sosjaal-ekonomyske fraachstikken en soargen oer it smoarge miljeu binne mar in greepke út myn rike arsenaal, dat fierders ek noch bestiet út grutheden as Brahms, Sibelius en The Beatles.

Ik haw it spitigernôch ek faak oer jild, mar dan meastal yn ’e persoanlike en dus faak mear negative kontekst. By jild giet it altyd om in tekoart en de gefolgen fan dat tekoart. Sa kin ik net altyd mei fakânsje en sla ik it swimbad al jierren oer. Fierders keapje ik noait nije klean en poets ik alle wiken myn iennige pear skuon. Ofrûne moanne haw ik de krante opsein. Faak haw ik om seis oere hinne honger en moat ik my rêde mei klykjes, oanfold mei in jirpel, in sipel of wat ekstra rys.

Sa kin ik fansels noch wol wat sinnen trochgean, wat ek wer it aardige is oan it skriuwen fan stikjes: ik kin skermje mei de realiteit, opskeppe oer de feiten en mikke op jo begrutsjen of moederaasje. De wierheid ferdraaie is eigen oan sawol de âlde as de nije media, alle minsken dogge deroan mei.

De wierheid is nammentlik ek dat ik hielendal net sa earm bin, mei it each op de lytse blomlêzing dy’t no folget. Fan septimber ôf haw ik mear as 250 euro útjûn oan konsertkaarten, eksklusyf reiskosten. Ik bin foar hûndert euro hinne en wer nei Liverpool flein. Ferline wike haw ik samar in bank kocht. Wol twaddehâns, mar net goedkeap. Opteld haw ik sa foar mear as 450 euro útjûn oan saken dy’t in ‘echte’ earme nei alle gedachten hielendal net betelje kin. Fan septimber ôf rekkene is dat hast 70 euro yn ’e moanne.

It slimste wapenfeit moat noch komme. Juster haw ik in ticket kocht foar it saneamde Holland International Blues Festival yn the capital of the blues, Grolloo. No haw ik hielendal neat mei blues en dus ek net mei it ploechje ynternationale artysten dy’t dêr komt harren keunstjes te dwaan. Al dy solo’s sûnder ein en dy oh-ik-haw-gjin-jild-muzyk, bah. Doe’t ik lykwols hearde dat Ringo Starr ek komt mei syn All Starr Band, haw ik dochs mar efkes op de site sjoen. Yndie, ‘efkes’, want binnen trije minuten hie ik in kaart à 68,50 euro besteld en rôle de befêstiging de mailboks yn. Ik sil dus nei in festival dêr’t ik net hinne wol, allinnich mar om ien persoan yn it echt te sjen. Foar de nettobalâns: fan septimber ôf rekkene is dat mear as 80 euro yn ’e moanne.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *