Column Friesch Dagblad, 17-02-2018

Flage

Fia de ynternet seach ik nei it debat mei doe noch minister Zijlstra. Ik bin bêst wol in folger fan polityk, mar sjoch der net faak nei. Dat komt om’t ik fan de generaasje bin dy’t opgroeid is mei Ferry Mingelen’s Den Haag Vandaag, dat allinnich mar ûnmooglike tiden op telefyzje wie. Doe gie ik noch nei skoalle en lei ik al op bêd, no giet de wekker alwer as ik amper thús bin.

Mar ik wie wol benijd nei de ferklearring fan de minister, om’t er fansels net oars koe as ôftrede. Ik fyn it persoanlike yn de polityk altyd fassinearjend. Hoe is er bygelyks yn it foar troch de minister-presidint tasprutsen? Hoe giet er it debat yn en wat docht er dêrnei? Nimt in eks-minister ôfskie fan de ploech en hoe giet er dan nei hûs? Hellet er ûnderweis sinees op of giet er fuort nei de kroech? En wat drinkt er dêr dan? Allegear saken dy by it saneamde teater fan de macht hearre.

Troch it debat op ynternet seach ik ek foar it earst de Nederlânse flage yn de Twadde Keamer stean. Ik bin ek fan de generaasje dy fynt dat flagen net thús hearre yn oerheidsgebouwen. De trijekleur is bedoeld foar yn de ynternasjonale sport, as wy wer ris goud wûn ha mei it rûndsjeriden yn PingPong of erges yn in frjemd lân in wichtige fuotbalwedstriid op punt fan begjinnen stiet. Dit binne allegear saken dy by it teater fan de kitsch hearre. Jo wapperje, snotterje, tinke oan grutheden as Maurits, Ted de Braak of Irene Moors en fiele jo eefkes grutsk.

No fyn ik kitsch belangryk, dus ik bin net fuort tsjin flagen an sich. As de kening bygelyks syn jierdei hat, wapperje se lekker fris yn de strjitten, wêrtroch ik fuort nocht krij oan sânsek rinne, defile’s en it rad van geluk – mei fan dy moaie rollades of folyferpakte piken. Kitsch ferbynt en is faak noch lekker ek.

Mar wat docht yn in beskaafd lân as dan fan ús dy flage yn notabene it parlemint? Ik fyn dat kitsch yn de ferkearde sin fan it wurd. Yn it earste plak stiet er pal neist dy grutte keunstwurken, wat in obseen gesicht is. Twadst: jo kinne wat Nederlân no écht is net fange yn in lapke stof. Dêrmei wurdt Nederlân net echter, mar nepper. Symboalpolityk is om te laitsjen of te gûlen, keamerleden en ministers moatte krekt harren earnst bewarje.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *