Column Friesch Dagblad, 03-03-2018

As in hûn

It jier is noch mar twa moanne âld, mar no al liket it in slagge jier te wurden. Yn jannewaris ha ik in dei nei de strykkwartetbiënnale yn Amsterdam west om dêr twa konserten te belibjen. Moarns fersoarge it Ruysdael Kwartet in Haydn / Pärt programma, middeis spile it Spaanske Cuarteto Quiroga stikken fan Schubert en de moderne George Crumb.

Myn leafde foar it strykkwartet is ynearsten in suver fysike. As de spilers opkomme, bûgje, de muzyk op de standert sette en nei in pear tellen begjinne, begjinne myn earms te trillen en krij ik it kâld. Dêrnei bart der wat nuvers: myn holle makket steefêst in knikje nei ûnderen en begjin dan stadich nei foarren te hellen. As ik merk dat ik begjin oer te hellen, rjochtsje ik my wer op en begjint it wer opnij. Jo moatte dit fergelykje mei de bewegings fan in hûn, dy’t bûten wat nuvers heart: fernuvere draait er in slagje mei de kop, wêrnei er tikje foar tikje de spieren strak set, oant de baas ‘braaf’ seit en de hûn eefkes ûntspand. Dat ik my yn mannich konsertseal as in hûn gedraach, is net in oerdreaune typearring.

Twa wike lyn ha ik de Shostakovich-marathon dien. Dizze Russyske komponist hat fyftsjin kwartetten skreaun, dy’t dat wykein gronologysk ferdield waarden oer fiif konserten, allegear spile troch it Brodsky Kwartet. Tusken de bliere earste en de sombere fyftsjinde (hy bestiet út fiif Adiago’s en ien Adagio Molto – snif) kaam in libben foarby. Sa makke ik in lange reis, oer de bekende hege hichtes en troch dy djippe dalen. Doe’t ik op sneintejûn om 22.28 wer nei hûs moast, fielde my hiel adagio molto – as in hûn dy’t oan ’e rym moat  en nei hûs sleept wurdt.

Ik bin ferslaafd oan dizze fysike kick. Eins makket it my ek net út wat it programma is. It kwartet van George Crumb dat ik yn Amsterdam seach (Black Angels, út 1970) waard spile mei de ynstruminten op ’e kop en mei flessen wetter, mar dat is om syn moderniteit net ôfstjittend of yrritearjend. By it strykkwartet giet it altyd om de kwaliteit fan de ynteraksje en net sasear om de kwaliteit fan de technyk. Lykas in hûn altyd primêr op syn omjouwing reagearret, sa is kwartetmuzyk foar de lusterer in primêre ferkenning fan it alderearste en alderdjipste iets. Wat dat oanbelanget hiene de neamde ensembles better nammen hân kind as it ‘Frolic Kwartet’, it ‘Pal Kwartet’ of it ‘Bonzo Kwartet’. As it ferneamde ‘Canin Kwartet’ dus in lintsje krije soe, soe it tenei troch it libben gean as ‘Royal Canin Kwartet’.

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *